Bibliografy
• “It bliuwt pielen”, roman, 1982, twa printingen, útferkocht
De roman spilet yn 1925, sintraal stiet it ferset fan arbeiders yn de wurkferskaffing yn de omkriten fan De Gordyk en Beets. Tsjin dat dekôr spilet him de leafdesskiednis fan Wybren en Aukje ôf. Foar it manuskript krige Verf yn 1980 de iennichste Rely-Jorriysmapriis dy’t ea takend waard oan in roman.
• “In delgeande tiid”, in novelle en in tal koarte ferhalen, 1983, mûlk fia printing on
demand noch te besetten by útjouwerij ‘Elikser’ (twadde printinge, 2010)
Yn de ferhalen stean jongeren sintraal dy’t opgroeie yn in tiid fan útsichtleazens. ‘Goede psychologyske tekeningen’, ‘Libbene en realistyske persoanen’, resinsearre Eeltsje Hettinga. Trinus Riemersma wie ‘bliid dat in Fryske literêre priis goed te plak komt’ en skreaun ‘wiis te wêzen mei dit boek’. Foar dizze bondel krige Willem Verf de alderearste Fedde Schurerpriis foar debutanten.
• “Tiid fan libjen”, roman, 1987, twadde printinge 2005, útferkocht
In wurkleaze Fryske learaar wurdt troch tafal konfrontearre mei in Dútske ekstreem rjochtse terroristerûnte. Tegearre mei de feministyske Gretchen draacht er by oan it oprôljen fan de groep. In ferhaal fol aventoer en leafde, mar mear as dat: de beide haadpersoanen piele mei in fjirtich jier âlde oarloch, dy’t harres eins net wie mar útsoarte noch geande is.
Jan Wybenga, doedestiids resinsint foar de Leeuwarder Courant, skreaun in loovjende resinsje en belle mei Verf: “Der is yn Fryslân gjinien dy’t jo dit neidocht”. Anne Wadman wie minder posityf. De Friese Pers hie better redigearje en korrizjearje moatten. En de sekssênes begriep er neat fan.
• “De neisimmernacht fan Sjoerd en Eppy”, novelle, boekewikegeskink 1993, útferkocht
Twa prille AOW-ers moetsje inoar by it iepenloftspul yn Jorwert. Yn de nacht dy’t folget wikselje hja nea earder útsprutsen persoanlike bekentenissen út. Ûnwennigens, werkenning, twifels en in mûlk oanbegjin…
Willem Verf keas hjir foar it earst foar in konsekwinte perspektyf wikseling: haadstik om haadstik wurdt der skreaun út of Sjoerd syn belibbing of út Eppy harres wei. De beide persoanen wurde delset mei tagedienens foar ‘gewoane’ minsken.
Yn dy jierren waarden der fan in boekewikegeskink 3500 oplein en ek allegearre fuort jûn – dus safolle oare Fryske boeken waarden doedestiids ek minstens yn sa’n wike oanskaft…
• “It swijen net wurdich”, roman, 2008, noch net útferkocht doe’t de ‘Friese Pers Boekerij’ yn 2017 fallyt gie…
Boskwachter en widner Job Haalstra en syn dochter Nynke koenen it lange jierren dwaan sûnder al te folle kontakt mei oare minsken. It bosk wie har griene timpel, dêr koene hja sûnder te praten wurkje en wêze. Mar ek yn it Noardlikste bosk fan Nederlân kringt ûnferbidlik de 21e iuw troch. En wannear’t der gjin feilich ûnderkommen mear is, kin men mar better sels in nij begjin meitsje. In boek fol aksje en minsklike trou.
Wêr’t dy mear as hûndert oerbleaune boeken nei it fallisemint bedarre binne? Mocht immen se traseare, jou de skriuwer in tip…
It boek wie in topper yn de ien-nei-lêste grutte sutelaksje.
• Bûtenman & Bûtenfrou, (tendins-)roman, 2013, útferkocht
Einte Jongsma feroaret fan in freonlike, ûnskuldige jongeman yn in goed fertsjinjende drugsdealer yn de Noardlike Fryske Wâlden. Dêrfoar moat er hast twa jier sitte. Hy makket in plan om nei syn frijlitting regaad te meitsjen. Dat plan fiert er út en dan reizget er nei Istanbûl, lit Fryslân achter him. Yn Istanbûl moetet er sjongeres Emine: ek sy ferliet it plak dêr’t hja ea thús wie.
In boek oer misdied, oer drugs, oer ôfskie, oer betizing en ferealens. Beskreaun mei ynmoed, leafde en fernuvering.
“It is Willem Verf slagge op in fûnemint fan in maatskippijkritysk, realistysk en aktueel tema in mearsidige en meinimmende roman te skriuwen”, skreaun resinsinte Nynke Jet de Vries yn ‘de Moanne’.
Lêzers fregen om in ferfolch. Willem Verf is dêr op it stuit mei dwaande.
• It sinfol bestean, roman, 2017, der binne noch sa ’n hûndert by útjouwerij Afûk
Karin en Jitse, beide aardich yn ‘e sechtich, wurde nei mear as fjirtich jier ynienen konfrontearre mei in persoan dêr’t se mei ôfkear oan weromtinke. Wat se mei dy man meimakke hawwe yn harren studintetiid, is de reade tried yn de beskriuwing fan de jierren dat Jitse en Karin elkoar kennen learden.
Dy reade tried is yn dizze roman ferfrissele mei harren libbens fan no: beide binne aktyf yn de polityk, tige maatskiplik belutsen en kieze foar in sinfol lêste part fan har libben. En opnij soarget dyselde man fan doe foar ûntregeling.
Der wienen allinne mar positive resinsjes. Twa derfan binne yntegraal opnommen op dizze reachside.
• De wûndere leafde fan Emine en Einte, roman, 2023
Ferfolch op Bûtenman & Bûtenfrou. De beide haadpersoanen yn dat boek, Emine en Einte, treffe elkoar yn Istanbûl, op ‘e flecht foar har resinte ferline. Emine wol Berlyn de rêch ta keare en Einte lit Fryslân efter him: bûtensteanders dy’t elkoar fine yn Istanbûl. Emine en Einte binne ek de haadpersoanen yn dizze aktuele leafdesroman.
Emine wit dat hy like fereale is op har as sy op him. Likegoed besiket er har te ûntgean.
Wêrom docht er dat?
Einte wrakselt mei de fraach: kin dat, mei dat, hat ien dy’t in moard ferswijt it rjocht om echt fan in oar minske te hâlden?
Relaas fan in wûndere leafde – yn in boek dat ek tige te lêzen is foar wa’t de foarskiednis net ken.