BMD-Frysk, koarte yntroduksje

Oant 2023 wie der in spesjale stichting ta promoasje en befoardering fan de Brede Maatskiplike Diskusje Frysk. It bestjoer waard foarme troch foarstanners fan sa’n BMD. Antje Postma, Rimmer Mulder, Pieter de Groot, Jabik van der Bij, Pier Bergsma en Frâns Kuipers wienen myn kompanen by dy stichting. Dy stichting hie in eigen reachside, opset en ûnderhâlden troch Baukje Miedema.
Stichting en reachside binne ferdwûn. Dat koe, nei in suksesfolle proef mei in BMD-sessy yn de Trynwâlden, juny 2022. Mar it ferslach en de byldregistraasje fan dy proef, plus in diel fan de oare ynhâld fan de reachside moast eins al tagonklik bliuwe, fûn ik. Sadwaande is it pleatst op myn eigen reachside.

TAALFEESTJE!

Trochsneed ynwenners fan Fryslân en de takomst fan it Frysk

In sfearfolle middei yn Oentsjerk op 12 juny 2022

Wat dêroan foarôfgie en wat noch folgje kin

Dit ferslach is te lêzen en del te laden fia www.willemverf.frl

Desimber 2022, stichting ‘Fierder mei Frysk’ (BMD-Frysk)

Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee

(Ûndersteand stik is in bewurking d.d. maaie 2024 fan in artikel dat earder skreaun waard foar “It Nijs”. In diel fan de tekst en de argumintaasje is ek opnaam yn de bondel oer it Taalfeestje yn Oentsjerk yn 2022.)

Sûnt septimber 1989 bin ik foarstanner fan in Brede Maatskiplik Diskusje Frysk. De organisaasje fan de Slach-by-Warns-Betinking hie my frege om op it Klif te sprekken. Ik woe earst ôfsizze, soks wie wat foar djipfriezen, net foar in links persoan lykas my. Mar ik naam dochs oan, ik woe dy minsken net teloarstelle, foaral ek omdat it moai wie dat hja ris bûten har wenstige kringen in sprekker sochten. Soks fertsjinne wurdearring. Lykwols: ik woe ’t net ha oer wêr ’t wy as Friezen rjocht op hienen en hoe slim at it wie dat oaren ús dy rjochten net gunden.

Mar by de betinking stiet fansels wol de identiteit fan Fryslân sintraal. It meast beskiedend foar dy identiteit, dat eigene, is it yn libben gebrûk bliuwen fan it Frysk. Dat sil allinne mar kinne as de brûkers fan dy taal har dêrfoar ynsette wolle. Ik realisearre my: de measte brûkers wienen (en binne) har net bewust fan har eigen krúsjale rol foar it fuortbestean fan it Frysk. Dêr siet (en sit) neffens my de oast. En doe betocht ik dat fan dy BMD-Frysk.  

Ûndertoan

Ik wie al jierrenlang op myn manier tige Frysksinnich, mar wat yn 1989 net noflik by my oerkaam fan guon bewegers: de ûndertoan, dat de bûtenwrâld de bedriging is foar de takomst fan it Frysk en de Friezen. Dat ús hjir wat oandien wurdt. En dy ûndertoan is rom trije desennia letter noch faak te hearren. De realiteit is justjes komplekser.

Útsein in inkele apartsma dy’t langer troch nimmen serieus naam wurdt, is der gjinien dy’t derfoar pleitet om de Friezen har taal ôf te pakken. Ik rûzje dat de sympaty foar de taal de lêste jierren earder sterker as swakker wurdt. Sympaty is lykwols net de trochslachjaande faktor foar it oerlibjen fan in taal. Ek yn 1989 twifele ik net oan dy sympaty. Wol naam ik waar dat it Frysk posysje ferlear, nettsjinsteande de doe frij resinte suksessen op it mêd fan formele rjochten. Yn it praktyske gebrûk bleaun it in taal foar hûs, hiem en eigen (doarps)mienskip – it tal minsken dat him maklik ferbruts woeks stadich troch. De efterútgong yn it iepenbier gebrûk wie goed waar te nimmen.

Streamfersnelling

Yn de achter ús lizzende tritich jier is dy efterútgong yn in streamfersnelling rekke. De periodike ûndersiken fan dr. Geert Driessen* ûnder jonge bern op basisskoallen yn Fryslân jouwe in dúdlik byld: yn 2014 prate 22 % fan dy bern mei leeftiidsgenoatsjes Frysk. Yn de jierren tachtich wie dat noch mear as 50 %. Dus: fierwei de measte jonge bern yn Fryslân prate op stuit Nederlânsk mei leeftiidsgenoaten. En dy bern prate oer tweintich jier net ynienen wol Frysk meimekoar. Taalferlies wurdt soks neamd. Sa wurdt in taal stadich wei.

Dat ús taal terrein ferliest is lykwols net fan de lêste tritich jier. It is in ûntjouwing dêr’t mear as fiifhûndert jier oer hinne gie. En ear’t de taal heulendal ferdwûn is út it deistich spraakgebrûk, geane der noch wol sa’n dikke hûndert jier oer hinne.

Wolle wy feroarje?

It is nimmen syn skuld. Likegoed: wa’t him- of harsels net foar de gek hâlde wol, fernimt dat it Frysk ús stadichoan ûntkomt. De fraach is: wolle wy dêr wier wat oan feroarje? Sa ja, dan sil de mearheid fan de Frysktaligen oars mei har taal omgean moatte. En de oerheid sil belied fiere moatte wêrtroch dat oare gedrach stimulearre wurdt, belied dat sok gedrach beleanet. Mar wannear’t dy Frysktaligen it net echt wolle, kin de oerheid fan alles betinke, mar komt der gjin feroaring.

Gjinien syn skuld, nimmen bedoelt it ferkeard, der sit gjin plan achter – mar it ûntwikkelt him no ienris sa foar alle minderheidstalen, dat linkendewei ferdwinen. Al mear as fiifhûndert jier is it Frysk net mear de fanselssprekkende en dominante taal yn ús kontreien. Want sa lang ferlyn is it begoan, dat it Frysk terein ferlear.

De tiid fan grutte Pier

Yn 1498 wennen der gâns minder minsken yn Fryslân en dus wienen der gâns minder Fryskpraters as no, mar wol wie Fryslân hast ientalich Frysk. Fryslân hie syn eigen wetten, opskreaun yn prachtich poëtysk Frysk. De lju stienen elkoar lykwols flink nei it libben – yn de fetemaatskippij dy’t Fryslân doe wie, wie men jins bestean net wis.

In proai foar besetters wie Fryslân. Saksen en Geldersen mei Hollânsktalige amtners twongen ús sintraal gesach op – net dat soks in heul protte muoite koste, rûzje ik in heal milennium letter. Der kaam krekt wat mear wissichheid yn de measte libbens troch dat sintrale gesach en benammen yn de steden paste men him graach en rap oan. Men praat mei de mûle, dêr ’t men brea mei yt… Yn in fearns iuw waard it Hollânsk, of it Stedfrysk en  wat dêr foar trochgie, de fiertaal by de boppelaach. Grutte Pier mocht ûndertusken syn frustraasjes oprinne en him dêrnei mei wrede seerôverij útwierje oan de Hollânske kust.

Kwa status hie it Frysk dêrnei iuwenlang neat om de hakken: yn it bestjoerlik  ferkear waard it net brûkt, der wie gjin ûnderwiis yn de taal. Likegoed oerlibbe it Frysk op it plattelân, tanksij in relatyf isolemint en de sterk op lânbou rjochte ekonomy fan ús regio. De measte minsken wienen analfabeet. Sa koe it Frysk as folkstaal bestean bliuwe.

De emansipaasje fan in folkstaal

Foar guon bewuste Friezen koe dy folkstaal sadwaande mear as trije iuwen letter in basis wêze wêrop de Fryske beweging har ûntjaan koe – yn alle beskiedenheid, mei in soad fariaasje yn ferskiningsfoarmen en omjûn mei it nedige sentimint. Pas yn de twadde helte fan de foarige iuw slagge it om bestjoerlik (‘fan geunst nei rjocht’) foet oan de grûn te krijen, hjir en dêr wat Frysk yn it ûnderwiis te bringen, en úteinlik formele lykberjochtiging ôf te twingen.

Dat rjocht om it Frysk te brûken en te ûnderwizen, dat bestiet. Dêr moat men lykwols gebrûk fan meitsje wolle. Der is mar by in hantsjefol Friezen de wil en de moed sok rjocht op te easkjen. Net om prinsipiële redenen, mar omdat de measte minsken net ferfelend wêze wolle en net as fanatikeling sjoen wurde wolle. En omdat de measte Fryskpraters yn har eigen rûnten fan famylje en kunde meast oare Fryskpraters tsjinkomme. Frysk is gewoan, it bestiet, it is om jin hinne, ek al is der amper ûnderwiis yn en brûke de oerheden it mar sporadysk. Dat der stadich minder minsken yn sokke rûnten ferkeare, dat falt de trochsneed Fryskprater net op. Dat it nedich is om yn it ûnderwiis, it bestjoerlik en oar formeel ferkear mear Frysk te brûken om de taal oerlibje te litten, dat is wier net it earste dêr’t dy trochsneed Fryskprater oan tinkt. En dat is wêrom ’t de BMD nedich is.

Bewustwurding

De BMD is yn it foarste plak in bewustwurdingskampanje. Dat fierwei de measte minsken graach it Frysk hâlde wolle, dat hja it sjogge as it wichtichste skaaimerk fan Fryslân, dêr hoege wy net oan te twifeljen. Mar dat is net itselde as jin bewust wêze fan it feit dat der foar dat behâld gedrachsferoaring by josels en de measte oare Friezen nedich is, gâns mear as no. En dat tagelyk mei in grutte ynset fan oerheid en ûnderwiis. Dat der begjin 2024 in flinke ferheging fan it bedrach dat Ryk en Provinsje útlûke wolle foar de befoardering fan it Frsyk beskiber kaam, is in grutte opstekker. Yn Fryslân binne goede kânsen op taalbehâld, miskien wol mear as yn oare regio’s mei minderheidstalen, want der is yn de basis positivisme. Mar it komt net fansels goed. Sûnder bewustwurding fan wat der nedich is sille goede inisjativen iderkear wer smoare.

Bygelyks: oerheid en ûnderwiis

In pear foarbylden, ta yllustraasje.

In boarger dy’t no yn it Frysk skriftlik mei de oerheid kommunisearret, rint in grutte kâns dat sy of hy antwurd yn it Nederlânsk krijt. Of langer op in antwurd wachtsje moat, omdat der earst in Fryske oersetting makke wurde moat. Dat komt omdat 90 % fan de Fryske amtners it Frysk net of ûnfoldwaande yn ‘e macht hat. It nimt jierren om dizze situaasje te feroarjen: hûnderten amtners sille op kursus moatte, dêr moatte dosinten en tapaslike kursusmaterialen foar wêze, en: dy amtners moatte in minimum oan motivaasje en as it heal kin entûsjasme opbringe. Dat lêste sil har swier falle as de befolking ûnferskillich of sels negatyf reagearret op mear kommunikaasje yn it Frysk, en harren bygelyks witte lit dat it om harren net hoecht, Frysktalige brieven en reachsiden en oare dingen fan de oerheid.

Leararessen en leararen fan basisskoallen moatte ek massaal byskoalling krije, mear as tûzen persoanen yn in pear jier rûzje ik. De measten fan har hawwe no gjin of te min behearsking fan it Frysk om der les yn te jaan en om de taal as ynstruksjemiddel te brûken. In gigantyske ynset is nedich: programma’s ûntwikkelje en dosinten opliede om dy byskoalling te fersoargjen, dat allinne al. En dy leararessen en leararen moatte, krektlyk as dy amtners, al it gefoel hawwe dat âlden fan bern it akseptearje en, leaver noch, it moai fine dat har bern mear en better Frysk leare. As grutte groepen âlden lykwols in hâlding hawwe yn de geast fan: “In heule aardichheid dat Frysk, mar oare dingen binne belangriker”, of sels negatyf foar de taal oer stean, dan is it dreech om motivaasje en entûsjasme op te bringen.

Men moat it meimekoar dwaan

It iene kin net sûnder it oare. Salang at minsken tinke dat it Frysk (“it is al sa faak sein dat it ferdwine sil”) der wol bliuwt sûnder ynspanning fan harsels, kin de oerheid mar in ferhipt lyts bytsje dwaan oan de fersteviging fan de posysje fan de taal. De BMD is bedoeld om de minsken ûnderfine te litten dat anno 2021 in taal ek in goede formele posysje hawwe moat om bestean te bliuwen. Minsken dy’t har bewust wurde hoe wichtich en needsaaklik har eigen bydrage is, kinne ek entûsjast reitsje foar mear persoanlike ynset – mits sy net it fielen hawwe dat se in útsûndering binne. Bewust faker it Frysk brûke, dat sil allinne mar wat wurde as minsken it gefoel krije dat in protte oaren ek meidwaan wolle. Motivaasje foar de needsaaklike feroaring yn taalhâlding en taalgedrach moat dield wurde mei in grut tal entûsjaste oaren. Ik ferwachtsje dat dêr draachflak foar ûntstean sil troch in goed en profesjoneel opsette Brede Maatskiplike Diskusje oer de takomst fan it Frysk. Aanst mear dêroer. Mar earst twa oare saken.

Fernuvering

Wat ik sa nuver fyn, is dat in laach fan Fryske kultuer-pommeranten it normaal fynt dat hja al desennia ûnderling deliberearret oer it Frysk, oer de takomst fan de taal, it ûnderwiis yn it Frysk en datsoarte saken. Yn advysgremiums en mei sympoasia bygelyks. Sûnder dat it in soad opsjit. Yn dyselde rûnten waard oant koartlyn ôfhâldend reagearre op it idee fan in BMD. Soe it stadichoan net ris better wêze en lit ‘gewoane’ Friezen kedize oer it Frysk en wat dêrmei anneks is? Dat smyt nei alle gedachten net minder op as it krewearjen fan de beropsfriezen…

It twadde punt, dat ik hjir neame wol is fierhinne serieuzer. Yn de petearen dy’t wy as BMD-rûnte (ús stichting is yn 2012 oprjochte en yn 2023 opheven) de lêste jierren organisearren, kamen wy krekt by bewegingsminsken faak alderearst de soarch tsjin dat sa’n diskusje wolris net goed útpakke koe. Dat der gjin draachflak en entûsjasme ûntstean soe by de dielnimmers. En dat wy der dêrom mar better net oan begjinne kinne. Ik fernuverje my hjiroer. Yn wêzen hawwe minsken dy’t sa tinke in negative ynskatting oer de kânsen foar it Frysk, konkludearje ik. Mar stel, hja hawwe gelyk. Dan kin men dus, ek sûnder BMD, al konkludearje dat alle besykjen om de posysje fan it Frysk te ferstevigjen omdôch is? Want mei twang is yn dit ferbân neat te berikken. It liket my net dat bewegers op sa’n konklúzje út binne…

Hawar, ik gean hjir even yn dat tinken mei. Want de soarch fan minsken dy’t sa reagearje is oprjocht. Dy soarch hâldt yn dat de BMD as útkomst hawwe soe: yntinsivearring fan de befoardering fan it Frysk hat fanwege ûntbrekkend draachflak gjin sin. No, by sa’n útkomst  witte ik en oare Fryske positivo’s wêr’t wy oan ta binne.

Foar de wissichheid: sa’n útkomst betsjut net dat de rjochten dy’t Frysktaligen no hawwe fuortfage wurde. Dat kin wetlik net iens. Dat betsjut ek net dat de minsken ynienen ophâlde mei sjongen yn it Frysk, mei iepenloftspullen, mei it oanbieden en folgjen fan kursussen, mei it dichtsjen en ferhalen skriuwen. Dat betsjut ek net dat oerheden en fûnsen gjin jild mear foar sokke aktiviteiten oer hawwe. Ek de ynstituten en de opliedingen hâlde fansels har subsydzje. De besteande situaasje feroaret net ynienen. Wêrom soe dat ek moatte? De sympaty foar de taal, dy ferdwynt net tagelyk mei it besef dat de taal linkendewei ferdwynt. Ik skat yn dat dy sympaty sels tanimt, sa reagearje minsken ornaris teminsten op ferlykbere ûntwikkelingen. Ja, de doelstelling foar it belied sil feroarje, beskiedener wêze. Dat soe logysk wêze, at de útkomst fan de BMD sa wêze soe as guon bewegers ferûnderstelle.

Mooglik meitsje wat no ûnmooglik liket te wêzen

Folle fleuriger sil de troch my ferwachte positive útkomst fan de diskusje wêze. Yntinsivearring fan belied en útfiering is dan mooglik. Dat liedt ta nij elan foar it Frysk en by de brûkers fan de taal. Ynienen wurdt mooglik wat jierrenlang net realistysk like.

Werom nei wat ús foar eagen stiet

Hoe’t wy as BMD-rûnte ús dy provinsjebrede diskusje foarstelle, dat is sa konkreet mooglik beskreaun yn in earder ‘basisstik’**. Gearfette: Yn ien winterskoft sa’n fyftich gearkomsten; regionaal en pleatslik mei in trochsneed oan Fryske boargers, mar ek mei spesjale doelrûnten, mei spesjale beropsgroepen; net basearre op it prinsipe “wy fan de BMD fertelle jimme wat jimme dwaan moatte”, mar basearre op in wikselwurking. “Wy binne benijd hoe’t jimme mei de taal omgean, hoe belangryk is dy taal foar jimme, wat foar taalgedrach hawwe jimme no, hoe sjogge jimme de takomst foar it Frysk, soenen guon dingen ek oars kinne, wêrom soe men dat wolle, oar taalgedrach? Fernimme jimme wat fan it taalbelied dat de oerheden fiere? Soe dat oars kinne of is it sa wol goed? Hoe slim is it as jimme bern of bernsbern de taal net mear deistich brûke?” Dat soarte fragen.

En op dy gearkomsten net allinne mar prate fansels. Situaasjes ferdútse en belibje troch rollespul. Elkoar ynterviewe. Lieten belústerje, sels sjonge.

Fan de gearkomsten goede ferslaggen meitsje, registraasjes mei byld en lûd meitsje en dy útstjoere fia ynternet. Minsken de kâns jaan om fia it ynternet diel te nimmen oan de BMD.

Entûsjasme en belutsenheid

De feitlike diskusje duorret ien winterskoft, mar foar de tarieding is minstens in jier nedich. Goede petearlieders moatte socht en ynstruearre wurde, krektlyk as goede toanielspilers en kameralju; ûnôfhinklike, objektive ferslachskriuwers idem dito, de ynteraktive reachside moat makke en teste wurde, der moat in reachmaster wêze fan it heechste nivo – gean sa mar troch. Allinnich ûnder soksoarte betingsten sil de BMD entûsjasme en belutsenheid by grutte dielen fan de Fryske befolking op gong bringe.

Ôfsluting mei in dúdlike kar

It einferslach moat net lang op him wachtsje litte: twa moanne nei’t de lêste sessys west hawwe, moat dat der lizze, yn de maaitiid nei it winterskoft fan belutsen kedizen. At it heal kin moat Provinsjale Steaten him noch foar de simmerfakânsje útsprekke oer de oanbefellings. Dat sokke oanbefellings net frijbliuwend, mar yn dúdlike keuzes omskreaun binne seit himsels.

De wrâld stiet fersteld fan in Frysk foarbyld

De bedoeling is dat de BMD-Frysk mei dit alles rom omtinken lûkt, fan de regionale, lanlike en ynternasjonale parse. Spraakmeitsjend! Fryslân en it Frysk sille in winterskoft net út de aktualiteit wei te baarnen wêze, allinne dat al!

Profesjonaliteit

is by dit alles in kaaiwurd. Dus sil it net foar in pear sinten klear komme. Myn kompanen yn de BMD-rûnte moannen my altyd ta foarsichtichheid as om jild gie, ik mei dus der net de klam op lizze dat in profesjoneel organisearre BMD minstens in miljoen euro’s kostje sil. Mar mei goedwollend amateurisme komt dit net klear, en in flop kinne wy ús yn it belang fan it Frysk net permittearje…

Willem Verf, jannewaris 2021, bysteld maaie 2024.

(www.willemverf.frl)

*)

Driessen is ûndertusken mei pinsjoen en ferlykber ûndersyk (lêsthâlden yn 2014) wurdt langer net mear dien. De Fryske Akademy docht gjin ferlykber ûndersiken en ik achtsje dat in grut gemis.

**)

It basisstik is sa’n acht jier lyn foar it lêst aktualisearre; dêr sil, at it mienens wurdt, fansels in update foar komme. Mar om in goede yndruk te krijen fan wat ús foar eagen stiet kin men it noch skoan lêze. Wa’t belangstelling hat, lit it my witte en ik stjoer it ta.

Pieter van der Plank oer Frysk taalbelied 

Ûndersteand stik stie op de reachside fan de BMD.

It is goed om it te bewarjen, tocht ik… 

Tinzen oer belied ta behâld fan it Frysk

Troch Pieter van der Plank, taalsosjolooch. 

It ‘taallânskip’ is bûnt en fol ferskaat

Alle op taalgebrûk rjochte beliedsynspannings moatte harren útwurking fine yn in taallânskip en yn ús gefal is dat in lânskip bewenne troch bewenners fan Fryslân: Friezen en net-Friezen, Fryskpraters en net-Fryskpraters, dy’t libje yn in ferskaat oan ‘talige omjouwings’ mei eigen relaasje-netwurken yn famylje, freonen, wurk. Yn guon ‘omjouwings’ wurdt it Frysk amper brûkt, yn oaren in soad, mar yn de measten sil it wikselje. Dat is in gefolch fan de mobilisearring fan ús maatskippij en kultuer yn benammen de ôfrûne heale iuw. De measte Frysktaligen wenje net mear yn ien doarp, dêr’t se ek har famylje en bekenden en har wurk fine. Doe’t dat noch sa wie, wie Frysk har taal fan tinken, fielen en beneamen fan de wurklikheid om har hinne.  Fan primêr Frysktalich binne de lêste trije generaasjes folslein twatalich wurden. De net-Frysktaligen dy’t fanâlds ek yn Fryslân libben, benammen yn ‘e stêden,  binne twatalich yn  heechút passive sin. Hja fersteane Frysk en soms lêze hja it ek. Al dy bewenners fan Fryslân hawwe in eigen taaleftergrûn dy’t se mar foar in part diele mei mekoar. Belied om de talen te beynfloedzjen, is rjochte op de talen dy’t yn dizze  kommunikaasje-patroanen brûkt wurde, en fersillet al gau yn it enoarm ferskaat oan ‘ûntfangers’ en de taalomjouwings dêr’t dy-en yn libje.  Fan út har eigen posysje en eftergrûn reagearje de bewenners fan Fryslân, yndividueel mar ek as groep. De reaksjes op deselde beliedsmaatregel sille by de ien posityf, by de oar negatyf ûntfongen wurde. Dat makket it dreech om belied út te fieren en noch dreger om it effekt fan belied te mjitten. 

Geveltsjefrysk en taalgedrach

Beliedsmaatregels binne soms direkt rjochte op in doel, bgl. yn de basisskoalle op it learen Frysk te lêzen en te skriuwen. Yn in evaluaasje moat it effekt dêrfan dan te mjitten wêze.  Mar as it doel it fuortsterkjen fan in Fryske taalhâlding is, wurdt dat oars, sa net ûnmooglik. Wat is it hâldingseffekt as op de weinen fan de gemeentlike reinigingstsjinst in Fryske tekst stiet? Of as yn net-Fryske teksten allinnich noch mar ‘Fryslân’ brûkt wurdt as provinsjenamme? Wat effekt hawwe sokke talige ympulzen, isolearre bûten in Fryske taalkontekst. Dat effekt kin dan in symbolisme wurde, bgl. as ‘plysje’ op de rêch stiet fan it unifoarmjaske fan in plysjeman/frou (in útstel dat ik yn De Nije lies) en machteleas symbolisme as de drager fan dit symboal gjin Frysk praat. It symboal makket himsels dan ommers net wier en lit krekt  pynlik de swakte fan it útdroegen boadskip sjen. It oanlearen fan Frysk op skoalle ferliest it foar elk fak needsaaklik pedagogysk gesach as de learaar de taal sels net yn ‘e macht hat of net prate wol, en it oerlit oan de ynstruksjes dy’t de bern yn it lesboek of op it skerm skriftlik foarlein wurde. Yn dizze twa foarbylden, dy’t mei gâns oaren oan te foljen binne, is de beliedsmaatregel yn harsels ek tsjinstridich en wurket se earslings op de minsken, lykas yn dit gefal de bern, út. Dat jildt yn it hiele flak fan Geveltsjefrysk, as it himsels net wiermakket yn it gedrach fan de dragers fan dat gesach dy’t efter dy gevels funksjonearje.

It Iersk en de Fryske bewegers

Yn Ierlân hawwe wy dêr  in foarbyld fan as de Ieren oer it Iersk hinne lêze, om sa – want de oerheid is dêr dûbeltalich – fuort by it Ingelsk te kommen. In tige argayske stavering fan it Iersk nûget ek net en makket fan it Ingelsk in ‘eigener’ taal dan fan it Iersk ûndersteld wurdt. Iersk is foar de Ieren Latyn. Men eart it wol mar begrypt it net. Hjir is yn de diskusje it ferskil oan ‘e oarder tusken de pragmatyske en ideologyske hâlding fan taalbrûkers. Yn gefal fan it Frysk it ferskil tusken de trochsnee praters fan it Frysk en de Fryske Bewegers. De earsten hawwe gjin bysûndere gefoelens by skriftlik Frysk of sels negative, want skreaun Frysk is har dreech. De twadden belibje yn skreaun Frysk har eigen echte en wiere identiteit. Spitigernôch ûnderstelle se dan gauris dat soks foar alle Friezen jildt. Mar dochs, de identiteit fuortsterkjende ympulzen dy’t fan út symboal- en skreaun-Frysk by de ûntfangers binnen komme, binne net deselden.  En tsjinstridich as men in Frysk opskrift (op syn Iersk) wol moai fynt mar in Fryske test ferspijt.

De oerheid moat goed foar eagen hawwe wat hja berikke wol mei it taalbelied

Hjir komt in praktyske fraach oan ‘e oarder: wat wol de oerheid yn Fryslân mei har taalbelied? Twataligens yn de sin fan: foar Frysktaligen Frysk en foar net-Frysktaligen Nederlânsk? Dûbeltaligens om elk tefreden te stellen en alle diskusje te bedimjen? Of foar alle bewenners per gelegenheid de iene of de oare taal, sa’t it de iene kear al en de oare kear net  útkomt. Dus tsjin net-Frysktaligen ek wolris Frysk brûke? Dêr soe yn it foar al in  gewenningsbelied foar nedich wêze. Mar sa’n belied rint altyd oan tsjin it gegeven fan besteande en gâns ferskillende gedrachskoades, bgl. dat ‘men’ tsjin net-Frysktaligen gjin Frysk heart te praten, dat ‘men’ harren net lêstich falle moat mei skreaun Frysk. Dat ‘men’ him/har altyd foegje moat nei de taal fan de ientalige, yn Fryslân is dat de Nederlânsktalige. Belied rint oan tsjin ûnkunde as machtsfaktor, ek al wurdt dy ûnkunde as machtsfaktor spile. “Ik kan u niet verstaan” is dan it lêste wurd. Yn it maatskiplik ferkear kin ûnkunde no ienkear net test wurde. In tsjinoerstelde koade stelt dat de bewuste Fries altyd en oeral Frysk heart te praten. Mar as de Kommissaris fan ‘e Kening seit dat “wy fier binne op ús taal” slacht hy al dizze fragen oer, beropt hy him op in net besteande ienriedigens en fangefolgen sil de helte en mear fan de befolking fan syn provinsje syn wurden njonken harren del lizze.  Wa binne ‘we’? Wat is ‘ús taal’? Foar in tanimmend soad Friezen is ‘har taal’ likegoed of sels yn it earste plak Nederlânsk.

Fryske striid as hobbyisme

Werom nei de gedrachskoades: in soad Frysktaligen kieze yn konfliktsitewaasjes om frede te bewarjen tsjin har (?) taal.  En oan ‘e oare kant, foar in soad Nederlânsktaligen binne alle Frysktaligen ek Nederlânskprater dy’t neat te koart dien wurde sil at hy of sy Nederlânsk brûke moat. Dus sjogge se it probleem net. “Doe toch gewoon en praat Nederlands . . . .”. Dat wie in heale iuw lyn noch oars mar ik wit it wiere wurd noch fan in foarútsjend Frysk skriuwer út de jierren santich: “allinnich dy’t te dom (fan it plattelân, âld fan jierren) of te dwers (Fryske Beweger) binne, bliuwe Frysk praten wêr’t de oaren dat net dogge”.

De hjoeddeistige Fryskpraters sille de messen net slypje op in taalkonflikt. It Frysk hat dêrta gjin wetlike rjochtsmiddels en kin dy striid net fiere, It taalbelied moat dêr rekken mei hâlde en net kontraproduktive konfrontaasjes útlokje. Wjerstân foarkomme, sympaty oproppe. Wat is de wearde foar it Frysk fan Bewegers-Prinzipienreiterei, lykas in resinte rjochtsaak om Fryske plaknammen yn Frjentsjerteradiel erkend te krijen. Wurdt de ‘Fryske striid’ dan gjin hobbyisme fan de leafhawwers.

Draachflak moat foarop

Want dat moat yn belied it útgongspunt wêze: allinnich it draachflak fan de  beliedsmaatregels bepaalt it effekt. En temin draachflak kin in negatyf effekt opleverje. Skerp slypje ropt ek by Frysktaligen wjerstân op en sy lûke dan de Hollânske kaart. Dêrby moat draachflak-ferheegjend belied de foarrang krije, troch op te ferwachtsjen wjerstân  tûk yn te spyljen. Foarbyld: in wethâlder yn it âlde Dongeradiel hie op in iepenbiere fergadering syn ynliedende tekst, mei as ynnimmende en romhertige slotsin dat hy fragen út ‘e seal beäntwurdzje soe yn de taal dêr’t se yn steld wurde soene, twatalich omparte ûnder de oanwêzigen. En sels dan noch wiene der Frysktaligen dy’t har fragen yn it Nederlânsk  stelden om’t se mienden dat Frysk yn mingdtalich selskip net fatsoenlik wie.

In skoft letter frege in kollega-wethâlder in seal “of iedereen het Fries wel kon verstaan” en dat wie freegjen om de bekende wei. Links en rjochts fleagen de fingers omheech fan bywêzigen. Benammen echte plattelanners, lju dy’t yn frijsteande hûzen en hûskes wennen. Wa’t yn dizze gearkomste no noch Frysk yn ‘e mûle naam, kaam op glêd iis en waard fan links en rjochts traktearre op “Nederlands, Nederlands . . . “. Mei tank oan ‘e wethâlder.

Taalbelied blykt yn ‘e praktyk benammen taaltaktyk te wêzen en dat is in feardichheid, dy’t oanleard wurde kin.

Koade foar it iepenbier bestjoer

In nije koade foar it optreden fan it iepenbier bestjoer en de rezjy foarôf is foar effektyf taalbelied in betingst, want it is in miste kâns as de TV inkelde bylden fan in diskusje út ‘e “Provinciale  Staten van Fryslân” útstjoert wêr’t allinnich taspraakfragminten fan Nederlânsktalige fraksjefertsjinwurdigers fertoand wurde en as iennige Frysk it wurdsje ‘Fryslân’ iensum yn ‘e titel te sjen is. In symboal dat foar de goede fersteander it bewiis is fan it tsjinoerstelde. 

Foar Fryske teksten jildt dat se foar guon, Bewegers yn elk gefal, it symboal fan Fryske krêft en Fryske rjochten binne. Foar in soad oaren lykwols is it ûnbegryplike symbolyk dy’t posityf mar ek negatyf oppakt wurde kin. It earste: dit is fan ús, dit binne wy. It twadde: dit is fan de oaren dy’t wy net binne en ek net wêze wolle. In Fryske titel mei dan noch wol hinnebruie. In ynformatyf bedoelde tekst is hiel wat oars. It taalbelied hâldt it sadwaande by titels en gjalpen dy’t ophâlde ear’t se de irritaasjedrompel oergeane.

Healslachtich dwaande yn it ûnderwiis

Yn it foar skoalsk ûnderwiis hawwe de Fryske pjutteboartersplakken tige posityf wurk dien troch bern út beide taalgroepen yn har eigen taal yn ‘e mjitte te kommen en te besykjen ek de oare bern yn oan allegearre rjochte  meidielings yn it Frysk te benaderjen. Sa leare bern geandewei dat it net raar is om beide talen te praten. En dat der gjin Wet-fan-Fatsoen is dy’t jo wjerhâlde moat om ien dy’t Nederlânsk praat yn it Frysk oan te sprekken. It is spitich dat dit dan net fuortset wurdt yn de fierdere klassen fan de basisskoalle en dat it der mei einiget dat in soad Fryskpratende pubers, benammen yn it middelber en heger ûnderwiis, net iens op Frysk ‘betrape’ wurde wolle.  Hawar, it healslachtige taalbelied lit ta dat it Frysk as fak ek ûnderwiisd wurdt troch leararen dy’t gjin foldwaande Frysk behearskje of gjin nocht ha om sels as in foarbyld foar Fryske taalhâlding sjoen en heard te wurden. 

Hjir komt in pynlike wierheid oan it ljocht: it Frysk is in santich jier lyn op skoalle om didaktyske redenen ynfierd om’t de bern muoite hiene mei Nederlânsk dat foar harren dochs in frjemde taal wie. It Frysk joech de bern mear útdrukkings mooglikheden en selsbetrouwen. En dat wie sa yn hast alle klassen op it plattelân en foar mear as 90% fan de bern yn dy klassen. Arguminten yn dizze sin waarden by de Fryske skoalle ferplichting oan ‘e ein fan de jierren santich op in nij brûkt, mar se wiene doe al net mear jildich. De plattelânsbern wiene fan oardeltalich, twatalich wurden. De TV hie syn wurk dien en Nederlânsk wie no ek bernetaal. Famylje en wurk wiene net mear yn it doarp konsintrearre en koene mekoar net mear fuortsterkje. En rûnom wie Nederlânsk te hearren troch de tanommen mobiliteit  –  doe wie al in fjirdepart fan de bewenners net yn Fryslân berne  –  Ek op it plattelân wie in grutte minderheid fan Nederlânsktaligen ûntstien. No, wer in heale iuw letter, is dy Nederlânsktalige minderheid yn de measte plattelânsplakken in mearderheid wurden. 

Better ûndersyk en realistyske útgongspunten

It liket as wol ik somber einigje. Dat is net myn bedoeling, mar al wol ik de klam lizze op it needsaaklike útgongspunt fan in earlik, realistysk ynsjoch yn de taal sitewaasje. Allinnich praktyk-relevant ûndersyk nei it hjoeddeistige taalgedrach en de taalhâlding fan de bewenners fan Fryslân jout dêr de basis foar; it is spitich dat sok ûndersyk der net kommen is en dat de beliedsferantwurdliken der ek net op weromgripe kinne.

Piter van der Plank, augustus 2020.