Willem Verf Oanpakke!
Foar it fuortbestean fan it Frysk as skriuwtaal en kultuertaal kin it net sûnder literatuer. Der is amper skreaun Frysk bûten de literatuer. De situaasje is soarchlik, seit de redaksje fan Ensafh. De merk foar Fryske boeken is krompen.
Der moat in oanpak komme!
Jawis, dat is sa. Mar om te witten wat men oanpakke moat, earst ris in lytse analyze. Wat soarget no eins foar dy delgong?
Alderearst de saken dy’t net spesifyk foar de fryske skriuwerij binne. Der wurdt minder lêzen, hieltyd mear kommunikaasje giet mei plaatsjes fi a smartphone of oare skermen, ferhalen wurde ferteld mei telefyzjesearjes en fi lms. Pubers sjogge op harren skermkes nei ‘infl uencers’, persoanen dy’t krekt wat âlder binne as harsels en sênes op YouTube sette, dêr’t se min of mear har deistich libben yn sjen litte, ferfrissele mei reklame. In protte minsken hawwe ferlet om harsels te toanen: it eigen deistich libben, plaatsjes foar famylje en kunde: kontinu dyn persoanlik ferhaal fertelle – foar safi er ‘leuk’, grappich of fertederjend fansels.
In plaatsje lit fuort sjen wat der te rêden is, in tekst moat men yn bylden omsette mei it eigen brein. Dat nimt mear tiid, en om lekker te lêzen is boppedat rêst en ôfsûndering nedich. Wa siket dat noch? En: dy driuw om jinsels te profi learjen, dat docht wat mei it brein. Egosintrysk tinken wurdt in noarm.
Soe it dêrtroch dreech wurde om belangstelling te hawwen foar oaren en foar wat oaren skriuwe?
In gedicht kin men ûndergean yn in sûs fan werkenning, in gedicht kin ek in te ûnttiizjen puzel wêze, en soms ûnderfynt de lêzer werkenning en puzel tagelyk. At it de dichter slagge is om in fi elen te ferwurdzjen dat werkenber is, dielt men as lêzer wat mei de dichter; mar de dichter, de oare lêzers, men kin har net fuort in laaikje stjoere en sy jouwe ek net fuort in laaikje werom.
In ferhaal, in roman, optochte skiednissen oer sabeare minsken, om dêr werkenning en fernuvering út te heljen, wa kin en wol dat langer? Alles dat yn sa’n fertelling sit, de ymplisite ynhâld, dat ta jin nimme, yn jin omgean litte ûnder it lêzen, wa hat noch dy feardichheid?
Mei it boek op skoat is men somtiden even ôfwêzich en yn himsels keard – omdat men besiket te begripen; wa kin him dat noch permittearje?
Lêzen is in tiidrôvjende aktiviteit yn in hastige wrâld dêr’t it eigen profyl sintraal stiet, wol men echt meidwaan kinne…
Hawar. Wa’t lêst, echt lêze kin en wol, is hjoeddei faaks net sa jong mear, tink ik.
Wa’t Frysk lêst moat dat boppedat ek nochris maklik kinne, Frysk lêze. Der is net folle oan at jo lekker lêze wolle en jo begripe net goed wat der stiet. It liket my oannimlik, op grûn fan it besteande ûndersyksmateriaal, om te ferûnderstellen dat heechút sa’n 10% fan de Frysktaligen de taal like maklik lêst as it Nederlânsk. En like oannimlik is it neffens my dat nimmen it Frysk makliker lêst as it Nederlânsk.
Hawar, dan giet it altyd noch om sa’n 40.000 minsken dy’t Frysk lêze; mar dat binne dêrmei net automatysk minsken dy’t fi ksje lêze wolle. Non-fi ksje wurdt op ’t heden yn alle talen better ferkocht as belletry. Non-fi ksje is der lykwols amper yn it Frysk, mar der is wol in ferskuorrend grut oanbod non-fi ksje yn it Nederlânsk. Dat is de taal dêr’t de minsken wend binne yn te lêzen.
Frysk lêzen is en bliuwt foar de measten in ûnwennige beuzichheid. De measte fan dy 40.000 Frysk-lêzers sille it litte by in stikje yn de krante of it doarpsblêd.
Der binne fansels gjin hurde gegevens oer ditsoarte saken. Hoefolle regelmjittige lêzers fan Fryske fi ksje soenen der wêze? Op basis fan eigen waarnimming doch ik in rûzing: in fjirde part fan de minsken dy’t Frysk lêze kinne, maksimaal 10.000 minsken, binne op dit stuit ynteressearre yn (of te ynteressearjen foar) Fryske fi ksje.
Dy minsken hawwe fansels net allegearre deselde smaak en foarkar. Wolle wy de Fryske lêzers bine oan it Fryske boek, dan sil der ferskaat wêze moatte, en regelmjittich oanbod. At ús dat slagget, komme der miskien ek wer nije lêzers by.
Jawis: Rink van der Velde en Hylke Speerstra hellen yn in resint ferline in pear kear hege oplagen. Mar in protte fan har lêzers binne net mear ûnder ús. De wrâld dêr’t de boekpersonaazjes fan Rink en Hylke yn libben, is der meikoarten, of no al, ek net mear. Dat wie in wrâld dy’t foar de lêzers werkenber wie, dy’t te krijen hie mei Fryslân, Fryske beroppen, Fryske apartsma’s, Fryske emigranten, Frysk lânskip. Mei romantyske tema’s dy’t werkenber ferbûn binne oan dit sompich hoekje fan de wrâld en de minsken dy’t dêr omhúsmanje
– kom dêr marris om, hjoeddei.
De tematyk sil stadichoan minder spesifyk Frysk wurde. Dat is nammers net ferkeard. Literatuer kin helpe om te begripen wat der geande is: ûnder oare dat in regio likegoed jo eigen habitat is, ek al is it isolemint fuort. Der is likegoed genôch beweging.
In goede roman of ferhalebondel jout in ymplisite analyze fan de dingen dy’t barre yn de wrâld en hoe’t minsken har dêr wol of net ta ferhâlde. Hylkje Goïnga bygelyks wie in trefl ik foarbyld fan in skriuwster dy’t lêzers dy mooglikheid bea – nei alle gedachten sûnder dat sels sa plend te hawwen.
Mar, ja: it oandachtich lêzen is rûnom op syn retoer en foar it Frysk komt dêr dy ûnwennigens mei de taal en it minder unyk wurden fan ús gewest noch by. Untwikkelingen dy’t elkoar fersterkje. Wat it Nederlânsk oanbelanget: dêr is likegoed sprake fan efterútgong yn it lêzen, mar der binne tsjinkrêften. Bygelyks: der wurdt op de publike omrop, sawol yn populêre as yn spesjalistyske programma’s, aardich omtinken jûn oan de literatuer, oan nije boeken. Skriuwers trede op yn talkshows. Der binne tal fan prizen, guon mei net al te berneftige bedragen, dy’t breed útmetten wurde op telefyzje en yn de kranten. Der wurdt fl ink ynvestearre yn de Nederlânske skriuwerij.
De Fryske skriuwerij is fi erhinne ûnsichtber. Wol dy bestean bliuwe, dan sil der fl ink ynvestearre wurde moatte om it Fryske boek sichtber te meitsjen, om skriuwers bekendheid te jaan. Dus: in soad jild derby, om it Fryske boek ûnder de oandacht te bringen fan potinsjele lêzers, om derfoar te soargjen dat der mear Frysktalige (oarspronklike en oersette) boeken komme dy’t potinsjele lêzers oansprekke. Boeken dêr’t praat fan komt, op telefyzje, foar de radio, yn de byb, yn de boekhannel. Trochgeande produksje fan boeken en profesjonele marketing, dêr is ferlet fan, ik kom aanst mei wat konkrete suggestjes.
Mar earst werom nei de lêzer. Wa moat dy boeken lêze, keapje, út de byb liene? Fansels de tsientûzen dêr’t ik it earder oer hie. De measten dêrfan binne 50-plus, hawwe in bân mei Fryslân en it Frysk en binne tagelyk breed maatskiplik ynteressearre. Se binne net allegearre heger oplaat, mar wol goed by. Aktuele tema’s, dêr’t hja sels mei omtiizje en dy’t yn de maatskippij spylje, dêr hâlde se fan. En dêrby hâlde hja gewoan fan spanning, relasjonele ferwikkelingen, in ûnferwachte ein, boeiende haadpersoanen. At sy entûsjast binne oer wat se lêze, sille hja oaren ferliede kinne om ek ris in Frysk boek te lêzen.
In twadde wichtige groep potinsjele lêzers binne memmen en heiten fan jonge bern, dy’t it fan belang fi ne om de taal troch te jaan. Boeken mei ferhalen foar bern om foar te lêzen, dy bepale de bern en de âlden by literêr Frysk. En wa wit kinne wy dan ier of let guon fan dy âlden tafoegje oan de tsientûzen dy’t al Frysk liezen.
Hokfoar boeken sille wy dy minsken oanbiede? Romans, foarlêsboeken foar jonge bern en berneboeken om sels lekker te lêzen. Fan de literêre fi ksje is de roman de keunstfoarm dy’t it bêst oanslút by de winsk fan it grutste part fan it publyk. En foar alle sjenres jildt: graach net yn âldfrinzich, mar likegoed wol geef Frysk; by foarkar oarspronklik, byneed oersetten, mar dan wol oer-settings dy’t net (of ynearsten noch net) yn it Nederlânsk te krijen binne, en tige suksesfol wienen yn de oarspronklike taal.
Wêrom geef Frysk? Omdat ús wichtichste doelgroepen (de tsientûzen en de bewuste memmen en heiten) wat hawwe mei it Frysk en graach goed Frysk ûnder eagen krije en trochjouwe. Wêrom net beskikber yn it Nederlânsk? Omdat ús primêre doelgroepen dat wurdearje, dy wolle Frysk en sy binne ús bêste ambassadeurs, stel har net teloar troch fuort ek mar deselde tekst yn it Nederlânsk oan te bieden – at se oaren ta Frysk lêzen ferliede wolle, moat der net in maklike slûpwei beskikber wêze. En wy bekonkurrearje ússels der ek nochris mei, mei oersettings út it Nederlânsk. Foar fi erwei de measte Friezen binne de Nederlânske boeken ommers makliker te lêzen.
Wa moatte sokke boeken skriuwe? De bêste en meast motivearre Fryske skriuwers. Foar sokken moat it ynteressant wêze, artistyk en fi nansjeel, om proaza te skriuwen dêr’t se yn it foar fan witte dat dy boeken mei konsekwinte en heechweardige marketing oan de frou, de man en it bern brocht wurde. En oft it boek no wol of net oanslacht, de skriuwer moat wis wêze fan, lit ús sizze, in honorarium fan minstens € 15.000, by in boek fan ± 250 siden. Dat betsjut: romans skriuwe yn opdracht, oer maatskiplik relevante tema’s en personaazjes, witte foar wa’t men skriuwt, op tiid ynleverje, graach it kontakt mei it publyk oangean, smout fertelle kinne op radio en tv, yn de byb en yn sealtsjes mei minsken, aktyf meidwaan mei sutelaksjes, net bang wêze om mei jins kop en it boekomslach op billboards te ferskinen, ensafi erder. Tsien kear jiers in gloednij boek fan de moanne, seis kear oarspronklik Frysk wurk, fjouwer kear in oersetting, dat soe in moai ritme wêze. Twa foarlêsboeken, twa berneboeken, seis romans foar folwoeksenen. Sa sawat. Soks is gjin wurk foar debutanten, mar wol foar persoanen dy’t al minstens twa goed ûntfongen boeken publisearre hawwe. Skriuwers moatte by dit alles kollegiaal en koöperatyf tinke. Gjin gekreau, elkoars boeken net ôfkreakje, inoar wat gunne.
Wannear’t sa de belangsteling foar it Fryske boek oanpoend wurdt, sil dat as byeffekt hawwe dat der mear belangstelling komt foar de Fryske skriuwerij yn it algemien, dus ek foar oare sjenres en oare romans en berneboeken. Wêr moatte dy boeken te besetten wêze? Fansels yn boekhannel en byb, mar ek yn de Primera’s, by guon supermerken yn plakken mei fl ink wat Frysktaligen, yn in spesjaal rek op in prominint plak mei allinne Fryske boeken. Yn de boekhannel leit it boek fan de moanne njonken de kassa, en de boekhannel wurdt derfoar betelle. De Fryske kast, mits op in prominint plak, dêr krijt de boekhannel ek jild foar, en der komt regelmjittich ien del om dy kast aktueel te hâlden. It boek fan de moanne wurdt op posters op de stasjons, op billboards njonken de grutte Fryske wegen, foar de telefyzje en de radio oanpriizge. En fansels: de sutelaksjes wurde diels profesjonalisearre, faker en regelmjittich hâlden, kriuwers gean mei op paad, ferkeapje mei. De bining mei in frijwilligersorganisaasje op in doarp, dy bliuwt fansels, dat wie in gouden greep.
Wa moat dat allegearre fersoargje? Gjin gammel gearwurkingsferbân fan útjouwers dêr’t elk no en dan syn gerak yn krije moat. Nee. In ûnôfhinklike stichting mei minstens trije goed betelle fêste krêften, en in belutsen, net al te grut bestjoer fan like ûnôfhinklike frijwilligers; in organisaasje dy’t ek de sutelaksjes fasilitearret, dy’t de opdrachten foar skriuwers en oersetters jout, de presinsje op de Buchmesse fersoarget, kontakten ûnderhâldt mei bygelyks Dútske, Ingelsktalige of Skandinavyske útjouwers yn ferbân mei oersettings en dêrby each hat foar mooglikheden dat sokke relaasjes ek ris in út it Frysk oerset boek yn har eigen thúsmerk sette.
Dat alles is fansels net fergees. De provinsje sil aardich mear subsydzje jaan moatte as dat dy no docht. En dy stichting moat donateurs hawwe en sels kontinu alert wêze op mooglikheden om de rûnte fan donateurs út te wreidzjen. Mar it alderwichtichste, dat foar alle belutsenen jildt, is: oanpakke en net fan dat benaude, minsken.