• Post author:

Minder myte, mear oprjuchtheid

Willem Schoorstra, kollega-skriuwer, mocht op sneon 12 oktober in histoarysk kongres iepenje yn it Ljouwerter histoarysk sintrum. Hy pakte dy kâns mei beide hannen oan om in ferhaal del te setten dat my de huvers joech. Wat wol Willem? In Fryske kulturele identiteit dy’t droegen wurdt troch mytes oer in glorieus ferline, rituele fertellingen dy’t ús in ‘oarspronklike identiteit’ ferskaffe. Ûnsteansmytes dy ’t ‘oerbarrens’ beskriuwe, dêr’t in folk ienheid en ferbûnens oan ûntliend. Jonge generaasjes wurde sa in ûnderdiel fan in grutter gehiel, grutsk op har ferline, grutsk op Fryslân. Willem ferdjipt him ek yn Germaanske mytology, bestudearret runetekens en sa mear. Identiteit is te finen yn de eardere, oarspronklike libbenswize fan ús foarfears – tenminsten, sa’t wy dy foarfears no beskriuwe en eare.
Tsja. De wurklikheid is fansels krekt even oars. Dy âlde Friezen heukeren wat ôf op har kliemske kâlde terpen, en de stoere manlju ûnder har makken ûnderling en mei buorfolkjes rúzje, sloegen elkoar de harses yn. De Romeinen lieten de Friezen mei relative rêst omdat der eins net folle te heljen wie. Yn de iere midsieuwen wie hjir mear as twahûndert jier net te wêzen, it gebiet wie gruttendiels ûntfolke. Letter folgen nije bewenners, mar dat betsjutte al dat ‘it Fryske Folk’ etnysk omwuolle waard. Redbad libbe tolvehûndert jier ferlyn witwêr, mar net yn Westerlauwersk Fryslân. Yn de lette midsieuwen hienen wy prachtige wetsteksten yn âld Frysk, mar Skier en Fet wienen foaral dwaande mei eigenrjochting en makken der in soadsje fan. Gean sa mar troch: gjin ‘Frysk lân fol ear en rom’.
De Friezen binne in lyts, nijsgjirrich folkje yn in sompige úthoeke fan Europa. Mei in eigen taal dy’t stadich weiwurdt, sij it mei fleurich sjongen en toanielspul yn de iepenloft. Wis, it is fan belang dat de wittenskip oprjucht sjen lit hoe’t it der foarhinne oan ta gie. Dat is nijsgjirrich. Dat draacht by oan ús selskennis as Friezen, leart ús te as it goed is te relativearjen. It ferline leveret lykwols gjin printplaat foar ús identiteit fan no. Identiteit is gjin konstante, mar feroaret kontinu yn de aktuele omstannichheden. Sosjologysk ûndersyk oer de aktualiteit is dêrom minstens sa wichtich as stúdzje fan it ferline. Dêr wurdt lykwols opheden net folle oan dien.
Willem Schoorstra is net de earste Fryske skriuwer dy’t it paad bjuster rekket yn de boreale fjilden. Ek in elemint fan de Fryske skiednis om serieus te nimmen. Herhelling liket my ûnwinsklik.
Ta beslút fan syn -Nederlânsktalich!- ferhaal hellet Willem noch even út nei it tekoartsjittend Frysk ûnderwiis. Dêr hat er fansels in punt, mar ek hjir kin in resint histoarysk feit miskien foar wat nuânse soargje. Yn de jierren tachtich wie der op in soad Fryske basiskoallen in wittenskiplik goed trochtochte twatalige oanpak. Dy ferdwûn. Net yn it foarste plak út sleauwens fan leararen of troch yngripen fan boppenôf, mar benammen omdat âlden it Frysk net sa belangryk fûnen. Sa’n taalhâlding is in diel fan ús identiteit as Friezen. Ferhearliking fan in net-besteand glorieus ferline sil dêr neat oan feroarje. Foar in omkear binne oare prosessen nedich. In brede maatskiplike diskusje oer de takomst fan ús taal kin soks op gong bringe…

Dit waard as Te Gast pleatst yn de Leeuwarder Courant fan 21 oktober. Schoorstra reagearre in pear dagen letter mei in eigen Te Gast. Dêryn dielde er mei dat er earnstich twifele oan myn ferstannelike fermogens, mar hy ferdigene syn opfettings ek ynhâldlik. Dy ynhâldlike passaazje is oernommen en fan kommintaar fersjoen yn ûndersteand stikje, dat hy krigen hat fia E-mail. Hy hat dêr net wer op reagearre.
Schoorstra syn stelling is dat myten in wichtich part fan de histoarje foarmje. Hy ûnderskiedt histoarje en skiednis: it earste is foar de keunst, it twadde foar de wittenskip. “As dy beide yn balâns binne, ûntstiet in folslein byld fan de histoaryske mienskip,” stelt er yn syn Te Gast. Soe soks kinne, sa’n balâns? Der is in histoaryske wurklikheid, en dêr is de skiedniswittenskip nei op syk. By dy syktocht wurde regelmjittich mytes ûntkrêfte. Dat moat foaral sa trochgean, liket my. Dêr kinne wy fan leare. Mar it is fansels net altyd aardich om te fernimmen, dat de myte in betinksel is: in myte sil faaks mear ta de ferbylding sprekke as de realiteit. It is net om ’e nocht dat ‘Fantasy’ in populêre kategoary is yn de literatuer.
Mytes oer it Fryske ferline kinne heul nijsgjirrich wêze. En fansels binne hja ûnderdiel fan, fuort dan mar, ús Fryske identiteit. Mar wa’t dêr de klam op leit, set de Friezen as folk apart. Makket it foar nijkommers dreger om ûnderdiel fan ús mienskip fan hjoed-de-dei te wurden.
Relativearring fan mytes oer it Fryske ferline, dat kin helpe om it meimekoar goed te hawwen yn dit gewest. Prima om elkoar en dy nijkommers ferhalen fan foarhinne te fertellen – mar dy moatte dan wol doge neffens de wittenskip, oars hâlde wy elkoar foar de gek. Lit mar sjen dat wy as Friezen eins ek net sa bysûnder binne, en dat ús histoarje neffens deselde patroanen ferrûn as dy fan oaren. En mytes, bring se mei in kwinkslach en net as gloarieuze “narratieve constructies”.
Der binne wichtiger tema’s as histoaryske mytes foar it publike debat, en dus ek foar de literatuer. Identiteitsfraachstikken binne yndied fan grut belang. Yn de multikulturele maatskippij fan no is in mienskiplike identiteit lykwols net te finen yn de mytes fan in ferûndersteld Frysk ferline.
Yn Fryslân hawwe wy in grut aktueel fraachstik, dat wy net lizze litte kinne. As der neat feroaret, wurdt it Frysk stadich wei, lykas hast alle minderheidstalen. De grutte mearheid fan de bern op de basiskoallen yn dit gewest praat no ûnderling Nederlânsk. Dat taalgedrach nimme hja mei de takomst yn. Ferwiten oan it ûnderwiis, lykas Schoorstra (ûnder oaren) docht, bringe hjir gjin feroaring yn.
Foar Fryslân is de taal belangryk. Kin dy taal bliuwe? Wolle wy dat as ynwenners fan Fryslân? Wat is dêr dan foar nedich? Yn taalgedrach, yn taalhâlding? Hokker oerheidsbelied is dan it meast effektyf, wat kin en wol it ûnderwiis dwaan? Kinne wy it op sa’n manier realisearje dat sa min mooglik minsken har bûtensletten fiele?
Dat binne fraachstikken dêr’t dizze romanskriuwer him mei dwaande hâldt. En ornaris bin ik ek dwaande mei it befoarderjen fan respekt en solidariteit tusken Fryske skriuwers ûnderling. Wis, dizze diskusje haw ik sels oanhelle, dat moast even, mar it fielt wol ûnwennich…
Hy pakte dy kâns en joech Willem Verf de huvers…