• Post author:

Identiteit, taal en weemoed!

Mei tastimming oernommen út Literêr tydskrift Ensafh, Febrewaris 2019.

Frysk

By de demonstraasje yn desimber 2016 foar Frysker ûnderwiis roannen der frijwat pakes en beppes mei. By de Warnsbetinking 2018 seach ik ek âlde manlju mei spandoeken dêr’t op stie dat Frysk ûnderwiis in bernerjocht is. Dat is fansels ek sa. Mar ik seach gjin of amper tritigers en fjirtigers, mei bern op skoalle, foar dat bernerjocht opkommen. Op 9 maart 2019 sil der wer demonstrearre wurde. Ik bin benijd wa’t der dan meirint. De âlden fan jonge bern libje yn in wrâld dêr’t de stadige tebekgong fan it Frysk normaal yn is, en dêr’t tagelyk it byld noch dominant yn is dat it Frysk der is en der ek wol bliuwe sil. De tsjinstelling tusken dy beide dingen, it falske byld, dêr hawwe de measten nea by stilstien. En om by soksoarte dingen net stil te stean, dat is foar de measten in normale ynstelling. Want suver nimmen docht dat. Dat Frysk, dat is der gewoan. Sadwaande: wa easket dat bernerjocht eins op? En by wa easkje jo dat as senior op, by de oerheid allinne of ek by de generaasjes dy’t nei jo komme? Is it wier in ûnferdraachlike gedachte, dat bern ek lokkich wurde kinne yn in wrâld dêr’t de âlderein Frysk sprekt en sysels wat oars? Wat der easke wurdt is dúdlik, mar by wa wurdt it easke en wêrom?
Guon âlderen sjogge eat ferdwinen dêr’t se graach fan wolle dat it bliuwt: in primêr Frysktalich Fryslân. Jawis, it Frysk giet kwantitatyf en kwalitatyf stadich efterút, en by de jongste jeugd is de delgong no yn in streamfersnelling. Fan in oare kant besjoen: sa gau is Fryslân mei dy karakteristike eigen taal net wei. De âlderein kin yn de lêste tweintich, tritich jier fan har bestean noch rûnom Frysk hearre, nei Fryske toanielstikken gean, Fryske boeken lêze, mei har leeftydsgenoaten en mei de generaasje dêr krekt ûnder Frysk prate – dêr is gjin Frysker ûnderwiis en dêr is gjin oar oerheidsbelied foar nedich.
Mar… by guon senioaren skrynt it. It ferlies fan jins eigen biotoop, de habitat dy’t sa beskiedend wie en is foar de eigen identiteit, dat docht sear, dêr wolle jo net oan, at it heal kin moat soks keard wurde. Ik bin dêr sels ek net frij fan, sok fi elen. It Frysk is part fan myn identiteit, in part dat ik diel mei oare Friezen. Dy taal is ommers it wichtichste skaaimerk fan dit folk yn dit sompich úthoekje fan Europa, dêr’t myn thús is. Identiteit? Yn hoefi er is dat persoanlik, kin dat kollektyf wêze en hoe ferhâldt soks him ûnderling? Kin men in identiteit kieze?
Persoanlike identiteit, dat hat te krijen mei: wêr’t men berne is, wêr’t men opwoeks, wêr’t men him of har fêstige hat, de húshâlding dêr’t men útkomt, it geslacht, de seksuele foarkar, de foarfaars, hoefolle jild at men hat, it maatskiplik skift dêr’t men diel fan útmakket, it berop dêr’t men mei sin, tafallich of by fersin yn telâne komt, it soarte minsken dêr’t men jin nofl ik by fi elt, it lânskip dêr’t men yn thús is, de taal of talen dy’t men it meast heart en dy’t men sprekt – folle net genôch. It is ferliedlik sizzen dat jins identiteit troch de omstannichheden bepaald wurdt. Foar in grut part is dat ek sa. Stel jo soenen in identiteit oannimme wolle dy’t folslein los stiet fan al dy saken dy’t hjirboppe neamd wurde. Dat soe net tafalle. Grutte kâns dat it in min stikje toaniel wurdt en dat jo josels mentaal fertiizje. Mar likegoed is identiteit dochs ek in kar. Men kin bewust fuortgean út de streek dêr’t men opgroeide. Jo kinne kieze foar oare minsken en sosjale fermiddens as dyselden dêr’t jo earder tusken ferkearden. Men kin ek kieze om soks krekt net te dwaan. Jo kinne kieze foar in beskaat taalgebrûk, bygelyks omdat jo tinke dan mear kâns op maatskiplik sukses te hawwen. Of omdat jo dan earne by hearre: en dêr rekket it persoanlike it kollektive. As it om taal giet is it persoanlike en it kollektive útsoarte ferfrissele. Jo kinne Frysk prate mei jo neiteam of krekt net. Jo kinne skrikke fan jo bern at se gjin Frysk weromprate wolle – en dêrnei jin oanpasse by de bern of soks krekt net akseptearje. Men kin ek amper stilstean by it eigen taalgebrûk. Soms kiest men bewust en eksplisyt, soms ymplisyt. Yn alle sitewaasjes giet it likegoed om de identiteit dy’t men kiest en by wa’t men hearre wol. En foar fi erwei de measte minsken jildt: ik wol net heul oars wêze as de minsken om my hinne.
De taal sels ûndertusken komt en giet. Dat liket suver ûnôfhinklik fan de opfettings fan de yndividuele minsk. Dat kommen en gean hat te krijen mei ôfsûndering en mei macht. Yn ôfsûndering, yn mear of minder isolearre mienskippen ûntstienen tal fan talen, meast as fariaasjes op earder besteande talen. Dy nije taal wie beskiedend foar de identiteit fan de groep. At de ôfsûndering ferdwynt, at de machtsferhâldingen yngeand wizigje, wurdt ek in oare taal dominant. Dat docht wat mei jins identiteit. Want men fernimt dan ek dat de groep dêr’t men him sa ferbûn mei fi elt, lytser wurdt. Ik prate as bern Stedsk en Dútsk. Op skoalle kaam it Nederlânsk derby.
Letter it Frysk. Earst kaam dat net sa krekt, men prate werom wat oaren praten, en ek al wie dat Súdwesthoekfrysk en Snekers trochelkoar hinne. Doe kaam it besef: in echte Fries, dy behearsket de taal goed. Ik kaam mei jeugd te wurkjen yn de Wâlden en dy hienen noch nea yn Snits of in oare stêd west en fûnen Súdwesthoekfrysk nuver. Dat ik die wat fl yt op de taal, learde it skriuwen; en it wie moai foar my dat it Wâldfrysk dochs foaral in taal wie fan minsken mei in bytsje jild – want men wie fansels net allinne Fries, mar ek links en foar de arbeiders. Dat wie like wichtich foar de identiteit, en hjir kaam it moai byelkoar. Ik makke in kar: ik brûk Standertfrysk, mar wol sa dat it werkenber is foar Wâldminsken.
Wat soe ’t moai en maklik wêze as de wrâld op dit punt net feroare; dy taal, dat diel fan myn identiteit dêr’t ik muoite foar die en dêr’t ik my mei ferbûn fi el, dy soe like fanselssprekkend bliuwe moatte as dat er yn de tweintichste iuw wie. Mar ik kin wol wat wolle, dat feroaret neat oan it feit dat dy wrâld al feroaret en dat it Frysk wierskynlik stadich weiwurdt. Want it relative isolemint is fuort en de taalmacht heul lyts.
Mei (folle) Frysker ûnderwiis en (folle) aktiver oerheidsbelied is der in kâns dat it Frysk bliuwt. Dat men bygelyks in brief krijt fan de gemeente en dy yn it Frysk is en men achte wurdt dat lêze te kinnen, dêroer net te krimmenearjen en dat normaal te fi nen. Dat de bern fan de earder neamde tritigers en fjirtigers net allinne Frysk leare op skoalle, mar dat der ek lesjûn wurdt yn it Frysk en dat it gjin bysaak is, mar like wichtich as Nederlânsk en Ingelsk. En dat dy âlden dat moai fi ne. Dat men gjin wurk krije kin as amtner of as ûnderwizer yn Fryslân wannear’t men it Frysk net aktyf behearsket, en dat men wit wêrom en dat prima fynt. En gean sa mar troch. Datsoarte maatregels kinne de delgong keare, want dan krijt it Frysk macht en status.
Mar… sokke maatregels wurde net naam omdat ik, myn leeftydsgenoaten en oare Typstra’s dêrop anstean, fanwege weemoed en teloarstelling oer wrâlds berin. Sokke maatregels wurde allinne mar naam as moedige politisy it folk konfrontearje mei de needsaak om in bewuste kar te meitsjen – en as de measte ynwenners fan Fryslân, ynklusyf de minsken ûnder de sechtich, dan sizze: wy kieze foar dy gruttere taalmacht, pak mar troch.
Wêrom soenen minsken sa’n kar eins meitsje moatte? Omdat guon minsken, wêrûnder ik, ferlies fi ele? Nee, foar in oar is it sneu, dat wol, mar it wurdt pas in argumint at it jinsels ek rekket. It fi elen dat der wat ferlern giet, dat in wichtich diel fan jo identiteit jo driget te ûntkommen, dat gefoel moat men sels hawwe.
Der is neat ferkeards oan om dat besef fan taalferlies te stimulearjen, en dyselde moedige provinsjale politisy soenen in programma dat dit besef waaksje lit, fasilitearje moatte; soms witte minsken net wat se linkendewei kwytreitsje en sizze se efterôf: och hea, wat spitich, dat hie oars moatten.
Wat wjerhâldt Frysksinnige politisy derfan om minsken op dat punt te konfrontearjen? Kleare eangst. De eangst dat minsken, ek nei in bewustwurdingskampanje, derfoar kieze om it taalferlies te akseptearjen. Dat it dan defi nityf trochgiet mei it weiwurden fan it Frysk. Mar soks is in ûnberiddenearre freze: want sûnder kampanje, no dus, wurdt it ommers yn de praktyk al akseptearre, dat linkendewei ferdwinen… Der is allinne mar wat te winnen, en neat te ferliezen.
Soenen minsken miskien mear opsette wolle by it Frysk om’t it har earste taal is, dêr’t men him of har better yn uterje kin as yn it Nederlânsk? Lit ús earlik wêze: dat argumint giet al hast tritich jier net mear op foar it grutste part fan de opgroeiende jeugd. Mei de jongerein yn de Wâlden krige ik begjin jierren ’70 folle better en yngeander kontakt, as ik foar it foarmingswurk gebrûk meitsje koe fan har eigen taal en Frysk prate, op in manier dy’t foar har gewoan wie. Soe dat no noch sa wêze?
Foar de measte jonge bern yn alle gefallen net mear, dy brûke makliker of like maklik it Nederlânsk. Foar de grutste helte fan de bern yn Fryslân sil it learen fan it Frysk boppedat dreech genôch wurde – it is har sljochtwei te min eigen of sels frjemd.
De measte folwoeksen Friezen hawwe nammers ek folle minder ôfstân ta it Nederlânsk en it Ingelsk as earder. Foar it skreaune Frysk jildt dat 80% fan de Friezen makliker Nederlânsk as Frysk lêst, en dat 90% fan de Friezen makliker Nederlânsk as Frysk skriuwt. Dy earste taal, dat is in wif argumint.
In taal as kultureel fenomeen, as drager fan kollektive identiteit, dêr sit it oars mei. Dy hat eins allinne mar wearde yn aktyf gebrûk. Mei it weiwurden fan it Frysk ferdwynt in grut kultuergoed. As wy no ynvestearje, kinne wy de taal libben hâlde en as in fanselssprekkend en sintraal elemint fan ús identiteit befoarderje. Sûnder nije grutte ynvestearrings ferdwynt it Frysk.
Ferskrieling fan de kultuer is ferskrieling fan identiteit, kollektyf en yndividueel. Frysk giet sûnder krêftich belied de wei fan oare minderheidstalen, en ferdwynt hoasfuotlings. Net heulendal ûngemurken fansels, oan in optocht no en dan mei echte spandoeken wurdt by gelegenheid alle romte bean – ynearsten is sok protest ommers ek noch in libben symboal fan ús besteande regionale kultuer.
It giet om in maatskiplike en politike kar, dy’t gauachtich makke wurde moat; in ôfweaging dy’t men net allinne mei it gefoel makket, mar dêr’t it ferstân by foarop moat. Al mei al is it miskien simpel om te easkjen dat de taal yn it formele ferkear en op skoalle oerdroegen wurdt, mar it is knap yngewikkeld om dy eask yn te willigjen. En mei in juridyske oanpak bringt men akseptaasje net tichterby. Op syn minst sille grutte oantallen ynwenners fan Fryslân en benammen memmen en heiten mei de eask ynstimme moatte, oars draait it út op wjerstân, ferfelende diskusjes en oar kontraproduktyf gedoch. Ik sjoch ien sintraal te stellen argumint. Lit ús besykje om foar te kommen dat taal, kultuer en identiteit ferskrielje. Krekt regionale kultueren, talen en identiteiten soargje foar ynteressante fariaasje. Dus is it foar de wrâld en foar alles better dat it Frysk bliuwt, as skatkeamer fan it Fryske libben. Dy riddenearing is de wichtichste, ien dy’t sintraal stean kin by de syktocht nei goede arguminten. It slút ek oan by de opfetting fan in grutte mearheid fan de Fryske ynwenners. Dy wolle it Frysk net kwyt. Ta beslút werom nei it persoanlike. Salang as dy ynstimming fan memmen en heiten en oaren foar dat moedige belied der net is, wat doch ik dan? Frysk is diel fan myn identiteit en dat bliuwt sa. It is in kar, jawis, en ek oare dingen meitsje diel út fan dy identiteit. By dy identiteit binne ferskate saken dy’t ik by de start of troch omstannichheden meikrige, dêr’t ik my mar mei rêde moat. Mar dit aspekt, dy Fryske taal, is yn alle gefallen frije kar. Dit wol ik wêze, in echte, Frysktalige Fries.
Ik pleitsje by werhelling foar konsekwinter oerheidsbelied en foar selsbewust persoanlik gedrach fan Friezen, as it om it Frysk giet. Sa lês en skriuw ik Fryske boeken, kommunisearje ik safolle mooglik yn it Frysk, krewearje wat op bestjoerlik mêd om de taal oerlibje te litten. Dat sil yn it eintsje libben dat my noch restearret ek wol sa bliuwe. Men docht wat men kin. Ik skamje my net om fan it Frysk te genietsjen. En it mooglike ôfskie fan it Frysk as taal yn libben gebrûk? Ach, oer in lytse hûndert jier, dêr bin ik net by. Dy gedachte makket de bân dy’t ik no mei de taal haw wol oars, mar net lytser. Mar it wie fansels heul moai, as…