Iepeningswurd 60 jier jubileum FLMD 14-9-2019
Wat moai dat jimme der alleagearre binne. Eardere frijwilligers, bestjoersleden, wurknimmers, pommeranten, skriuwers. Foar ús en foar my binne jimme no even in ‘captured audience’, en ik haw fan myn grutte foarbyld de Dútske skriuwer Stefan Heym leard dat men sa’n kâns net slûpe litte moat.
Mar moai dus, sa’n jubileum en sa’n opkomst. Fansels omdat it aardich is om kunde te moetsjen. Mar tagelyk hat it ek wol wat fan in demonstraasje: wy litte sa meiinoar sjen hoe wichtich as dy Frysktalige literatuer is. Foar ússels. Foar Fryslân. En foar it Frysk.
Hoefolle skreaun Frysk is der eins, bûten de literatuer, de dicht- en romankeunst? It fuortbestean en de ûntjouwing fan it Frysk as kultuertaal is gruttendiels ôfhinklik fan de literatuer. Dus moat dy literatuer hoede en noede wurde. Dat die it Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum, dat docht Tresoar en dat docht ek hieltiid de stifting FLMD noch, op har eigen beskieden wize.
Bygelyks: wy jouwe finânsjele stipe om bysûndere útjeften mooglik te meitsjen, wy eare nestor Douwe Tamminga en beleane ûnthjittende nije auteurs mei de nei him neamde debutantepriis, wy wurkje gear mei de gemeenten Smellingerlân en Ljouwert foar de Rink van der Velde-priis en de Rely- rally. It echte literêr befoarderjen en dokumintearjen litte wy al sântjin jier oer oan Tresoar. Wy hawwe wol in kwaliteitssit yn it bestjoer fan Tresoar en komme sa foar de belangen fan de literatuer op. De letterkunde moat ommers in opfallend elemint yn it profyl fan Tresoar wêze. Yn de ôfrûne acht jier dat ik foar de stifting FLMD yn it Tresoarbestjoer siet hawwe wy no en dan al even ús bêst dwaan moatten foar it fuortbestean fan dat literêr profyl. Ta ús foldwaning en freugde konstatearje wy lykwols no by Tresoar nij elan en nije aktiviteit. Yn de kommende jierren sil der hjir boppedat wurke wurde oan in nije, modern foarmjûne, permaninte tintoanstelling oer de Fryske literatuer. It foarnimmen is dy ekspoasysje oer fiif jier, as it 65 jier ferlyn is dat it FLMD ûntstie, feestlik te iepenjen.
Foar wa’t de Fryske literatuer befoarderje wol, soe’t moai wêze as der in protsje Fryske skriuwers BF- er of sels BN-er wie. Dat is net sa. It falt, mei dêrom, net ta om de oandacht te lûken foar de Fryske letterkunde en sa maklik is de literatuer-befoarderings-opdracht fan Tresoar dus net. Wy kinne net alles fan dit ynstiutút fergje. Der is eins mar ien útwei yn dizze kwestje: jouw de Fryske skriuwsters en skriuwers in protte omtinken en soargje dat se mei har wurk yn de publisiteit komme.
Dat kin fansels allinne mar mei de âlde en de nije massamediums. Fan alles fia ynternet en smartphone, mar it kin ek net sûnder in literêr programma op Omrop Fryslân tv. Auteurs hearre útsoarte sels ek aktyf te wêzen, mar sûnder stipe fan in propaganda-ynstitút as earder ‘It Fryske Boek’, kin it net. De taak ‘propaganda, lês en ferkeapbefoardering’ moat yn de kommende jierren mear omtinken krije. De Provinsje sil soks fêst rynsk subsidiearje wolle, yn it belang fan it fuortbestean fan kultuer en taal. De stifting FLMD pleitet foar in ûnôfhinklike organisaasje dy’t dizze taken op har nimt.
Weromkommend op it begjin fan myn praatsje: de literatuer is de wichtichste betingst foar it fuortbestean fan it Frysk as kultuertaal. De belangen fan skriuwsters en skriuwers binne ús as FLMD tige dierber. Enne… de auteurs tsjinje in grutter, maatskiplik belang: it fuortbestean fan ús âlde taal. Mar no earst: feest! Want dy taal is der noch en syn literatuer hat net allinne skiednis, mar ek takomst!
(Willem Verf, foarsitter stifting FLMD).