• Post author:

Maaitiidsberjocht 2023

Drok mei it Skriuwersbûn

By it Skriuwersbûn (dêr’t ik foarsitter fan wêze mei) hawwe wy fan alles yn gong setten, wy binne as bestjoer nei twa jier in entûsjaste en produktive groep. In foarrjucht om sa gear te wurkjen, mar… alles bart mei in hantsjefol minsken, dat der moat ek troch de foarsitter in protte korrespondearre, skreaun, praat, organisearre en fergadere wurde. Persoanlik aginda-behear (= derfoar soargje dat der genôch deidielen binne sûnder oare saken oan de kop as Emine en Einte) wie yn ’21 en ‘22 sadwaande deistich en krekt wurk. Wa’t mear witte wol oer it Bûnswurk kin op de reachside fan it Skriuwersbûn teplak (www.skriuwersboun.nl). Of in mail stjoere nei bestjoer@skriuwersboun.nl. Beide adressen wurde nammers yn de kommende moannen oanpast. Boun waard ommers bûn…

As der in kollega-skriuwer of skriuwster is dy’t sin hat om mei te dwaan yn it bestjoer, of tydlik oeren frijmeitsje kin foar in putsje, belje my dan fuortdaliks: 06-46134700!

Lytse ynkonsekwinsje: de BMD.

Ornaris reservearje ik dizze reachside foar teksten dy’t mei de literêre skriuwerij te krijen hawwe. Begjin 2021 hie ’k in tekst oer de takomst fan it Frysk (en tagelyk in pleit foar in “Brede Maatskiplike Diskusje Frysk”) dy’t ik nearne kwyt koe. Te lang foar krante en tiidskriften, bygelyks. Ik liet my oerhelje om it stik te publisearjen op ‘It Nijs’, de on-line krante fan de Ried foar de Fryske Beweging. It waard yn trije ôfleveringen pleatst. Ik fûn dy fersnipele pleatsing gjin sukses, de gearhing wie derút. Dat sadwaande foar leafhawwers by it lemma ‘Publikaasjes en taspraken’ de yntegrale tekst fan “Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee”.

Ûndertusken hat der ferline jier (2022) in suksesfolle test-gearkomste plak fûn fan dy “Brede Maatskiplike diskusje Frysk”. It yntegrale ferslach fan dit “Taalfeestje” yn Oentsjerk is, om systematysk ynkonsekwint te bliuwen, no ek op dizze persoanlike reachside pleatst by ‘publikaasjes en taspraken’. Wa ’t mear witte wol oer de BMD, kin te plak op www.BMD-Frysk.frl. Op dy reachside ek in link nei de ‘Minydoku’, in filmke fan sa’n 10 minuten dat ferslach docht fan dit evenemint.

Dútsk minder prominint op de side

It is, oant no ta, net slagge en fyn in Dútske útjouwer. Trije jier ferlyn like it der even op, mar doe’t koroana de wrâld oernaam, waard it noch dreger. Útjouwers wurde oerspield mei manuskripten, en as men skriuwt yn in minderheidstaal, per definysje in streektaal, dan falt men al gau yn it frame: folksaardich, heechút koartswilich, it sil wol, lit mar even lizze. En as de ferkeapsifers op syn heechst 500 binne, wêrom soe in bûtenlânske útjouwer dan überhaupt ynteressearre wêze?

Net dat ik de moed opjou, mei de goede marketing is benammen “It sinfol bestean” (en binne ek oare boeken fan myn hân) fêst prima te ferkeapjen yn Dútslân, mar de Dútske gjalp oer it boek is út de banner fan de side. De Dútsktalige ynfo is bleaun. Wa wit! Mei echte stipe fan de Provinsje moat it dochs mooglik wêze Fryske Boeken yn de Dútske merk te setten? Miskien komt sok belied noch yn myn libben…

Hertlike Groetnis!

Willem.