Mear as tritich jier fêsthâlde oan in idee
Sûnt septimber 1989 bin ik foarstanner fan in Brede Maatskiplik Diskusje Frysk. De organisaasje fan de Slach-by-Warns-Betinking hie my frege om op it Klif te sprekken. Ik woe earst ôfsizze, soks wie wat foar djipfriezen, net foar in links persoan lykas my. Mar ik naam dochs oan, ik woe dy minsken net teloarstelle, foaral ek omdat it moai wie dat hja ris bûten har wenstige kringen in sprekker sochten. Soks fertsjinne wurdearring. Lykwols: ik woe ’t net ha oer wêr ’t wy as Friezen rjocht op hienen en hoe slim at it wie dat oaren ús dy rjochten net gunden.
Mar by de betinking stiet fansels wol de identiteit fan Fryslân sintraal. It meast beskiedend foar dy identiteit, dat eigene, is it yn libben gebrûk bliuwen fan it Frysk. Dat sil allinne mar kinne as de brûkers fan dy taal har dêrfoar ynsette wolle. Ik realisearre my: de measte brûkers wienen (en binne) har net bewust fan har eigen krúsjale rol foar it fuortbestean fan it Frysk. Dêr siet (en sit) neffens my de oast. En doe betocht ik dat fan dy BMD-Frysk.
Ûndertoan
Ik wie al jierrenlang op myn manier tige Frysksinnich, mar wat yn 1989 net noflik by my oerkaam fan guon bewegers: de ûndertoan, dat de bûtenwrâld de bedriging is foar de takomst fan it Frysk en de Friezen. Dat ús hjir wat oandien wurdt. En dy ûndertoan is rom trije desenniums letter noch faak te hearren. De realiteit is justjes komplekser.
Útsein in inkele apartsma dy’t anno 2021 troch nimmen serieus naam wurdt, is der gjinien dy’t derfoar pleitet om de Friezen har taal ôf te pakken. Ik rûzje dat de sympaty foar de taal de lêste jierren earder sterker as swakker wurdt. Sympaty is lykwols net de trochslachjaande faktor foar it oerlibjen fan in taal. Ek yn 1989 twifele ik net oan dy sympaty. Wol naam ik waar dat it Frysk posysje ferlear, nettsjinsteande de doe frij resinte suksessen op it mêd fan formele rjochten. Yn it praktyske gebrûk bleaun it in taal foar hûs, hiem en eigen (doarps)mienskip – it tal minsken dat him maklik ferbruts woeks stadich troch. De efterútgong yn it iepenbier gebrûk wie goed waar te nimmen.
Streamfersnelling
Yn de achter ús lizzende tritich jier is dy efterútgong yn in streamfersnelling rekke. De periodike ûndersiken fan dr. Geert Driessen* ûnder jonge bern op basisskoallen yn Fryslân jouwe in dúdlik byld: yn 2014 prate 22 % fan dy bern mei leeftiidsgenoatsjes Frysk. Yn de jierren tachtich wie dat noch mear as 50 %. Dus: fierwei de measte jonge bern yn Fryslân prate op stuit Nederlânsk mei leeftiidsgenoaten. En dy bern prate oer tweintich jier net ynienen wol Frysk meimekoar. Taalferlies wurdt soks neamd. Sa wurdt in taal stadich wei.
Dat ús taal terrein ferliest is lykwols net fan de lêste tritich jier. It is in ûntjouwing dêr’t mear as fiifhûndert jier oer hinne gie. En ear’t de taal heulendal ferdwûn is út it deistich spraakgebrûk, geane der noch wol sa’n dikke hûndert jier oer hinne.
Wolle wy feroarje?
It is nimmen syn skuld. Likegoed: wa’t him- of harsels net foar de gek hâlde wol, fernimt dat it Frysk ús stadichoan ûntkomt. De fraach is: wolle wy dêr wier wat oan feroarje? Sa ja, dan sil de mearheid fan de Frysktaligen oars mei har taal omgean moatte. En de oerheid sil belied fiere moatte wêrtroch dat oare gedrach stimulearre wurdt, belied dat sok gedrach beleanet. Mar wannear’t dy Frysktaligen it net echt wolle, kin de oerheid fan alles betinke, mar komt der gjin feroaring.
Gjinien syn skuld, nimmen bedoelt it ferkeard, der sit gjin plan achter – mar it ûntwikkelt him no ienris sa foar alle minderheidstalen, dat linkendewei ferdwinen. Al fiif-hûndert-trij-en-tweintich jier is it Frysk net mear de fanselssprekkende en dominante taal yn ús kontreien. Want sa lang ferlyn is it begoan, dat it Frysk terein ferlear.
De tiid fan grutte Pier
Yn 1498 wennen der gâns minder minsken yn Fryslân en dus wienen der gâns minder Fryskpraters as no, mar wol wie Fryslân hast ientalich Frysk. Fryslân hie syn eigen wetten, opskreaun yn prachtich poëtysk Frysk. De lju stienen elkoar lykwols flink nei it libben – yn de fetemaatskippij dy’t Fryslân doe wie, wie men jins bestean net wis.
In proai foar besetters wie Fryslân. Saksen en Geldersen mei Hollânsktalige amtners twongen ús sintraal gesach op – net dat soks in heul protte muoite koste, rûzje ik in heal milennium letter. Der kaam krekt wat mear wissichheid yn de measte libbens troch dat sintrale gesach en benammen yn de steden paste men him graach en rap oan. Men praat mei de mûle, dêr ’t men brea mei yt… Yn in fearns iuw waard it Hollânsk, of it Stedfrysk en wat dêr foar trochgie, de fiertaal by de boppelaach. Grutte Pier mocht ûndertusken syn frustraasjes oprinne en him dêrnei mei wrede seerôverij útwierje oan de Hollânske kust.
Kwa status hie it Frysk dêrnei iuwenlang neat om de hakken: yn it bestjoerlik ferkear waard it net brûkt, der wie gjin ûnderwiis yn de taal. Likegoed oerlibbe it Frysk op it plattelân, tanksij in relatyf isolemint en de sterk op lânbou rjochte ekonomy fan ús regio. De measte minsken wienen analfabeet. Sa koe it Frysk as folkstaal bestean bliuwe.
De emansipaasje fan in folkstaal
Foar guon bewuste Friezen koe dy folkstaal sadwaande mear as trije iuwen letter in basis wêze wêrop de Fryske beweging har ûntjaan koe – yn alle beskiedenheid, mei in soad fariaasje yn ferskiningsfoarmen en omjûn mei it nedige sentimint. Pas yn de twadde helte fan de foarige iuw slagge it om bestjoerlik (‘fan geunst nei rjocht’) foet oan de grûn te krijen, hjir en dêr wat Frysk yn it ûnderwiis te bringen, en úteinlik formele lykberjochtiging ôf te twingen.
Dat rjocht om it Frysk te brûken en te ûnderwizen, dat bestiet. Dêr moat men lykwols gebrûk fan meitsje wolle. Der is mar by in hantsjefol Friezen de wil en de moed sok rjocht op te easkjen. Net om prinsipiële redenen, mar omdat de measte minsken net ferfelend wêze wolle en net as fanatikeling sjoen wurde wolle. En omdat de measte Fryskpraters yn har eigen rûnten fan famylje en kunde meast oare Fryskpraters tsjinkomme. Frysk is gewoan, it bestiet, it is om jin hinne, ek al is der amper ûnderwiis yn en brûke de oerheden it mar sporadysk. Dat der stadich minder minsken yn sokke rûnten ferkeare, dat falt de trochsneed Fryskprater net op. Dat it nedich is om yn it ûnderwiis, it bestjoerlik en oar formeel ferkear mear Frysk te brûken om de taal oerlibje te litten, dat is wier net it earste dêr’t dy trochsneed Fryskprater oan tinkt. En dat is wêrom ’t de BMD nedich is.
Bewustwurding
De BMD is yn it foarste plak in bewustwurdingskampanje. Dat fierwei de measte minsken graach it Frysk hâlde wolle, dat hja it sjogge as it wichtichste skaaimerk fan Fryslân, dêr hoege wy net oan te twifeljen. Mar dat is net itselde as jin bewust wêze fan it feit dat der foar dat behâld gedrachsferoaring by josels en de measte oare Friezen nedich is, gâns mear as no. En dat tagelyk mei in flinke ynset fan oerheid en ûnderwiis. Yn Fryslân binne goede kânsen op taalbehâld, miskien wol mear as yn oare regio’s mei minderheidstalen, want der is yn de basis positivisme. Mar it komt net fansels goed. Sûnder bewustwurding fan wat der nedich is sille goede inisjativen iderkear wer smoare.
Bygelyks: oerheid en ûnderwiis
De measte Nijs-lêzers sille my net ûntstride dat yn de oerheidskommunikaasje en yn it ûnderwiis, om it by dy beide foarbylden te hâlden, gâns mear ynset nedich is as no.
In pear foarbylden, ta yllustraasje.
In boarger dy’t no yn it Frysk skriftlik mei de oerheid kommunisearret, rint in grutte kâns dat sy of hy antwurd yn it Nederlânsk krijt. Of langer op in antwurd wachtsje moat, omdat der earst in Fryske oersetting makke wurde moat. Dat komt omdat 90 % fan de Fryske amtners it Frysk net of ûnfoldwaande yn ‘e macht hat. It nimt minstens fiif jier om dizze situaasje te feroarjen: hûnderten amtners sille op kursus moatte, dêr moatte dosinten en tapaslike kursusmaterialen foar wêze, en: dy amtners moatte in minimum oan motivaasje en as it heal kin entûsjasme opbringe. Dat lêste sil har swier falle as de befolking ûnferskillich of sels negatyf reagearret op mear kommunikaasje yn it Frysk, en harren bygelyks witte lit dat it om harren net hoecht, Frysktalige brieven en reachsiden en oare dingen fan de oerheid.
Leararessen en leararen fan basisskoallen moatte ek massaal byskoalling krije, mear as tûzen persoanen yn in pear jier rûzje ik. De measten fan har hawwe no gjin of fiersten te min behearsking fan it Frysk om der les yn te jaan en om de taal as ynstruksjemiddel te brûken. In gigantyske ynset is nedich: programma’s ûntwikkelje en dosinten opliede om dy byskoalling te fersoargjen, dat allinne al. En dy leararessen en leararen moatte, krektlyk as dy amtners, al it gefoel hawwe dat âlden fan bern it akseptearje en, leaver noch, it moai fine dat har bern mear en better Frysk leare. As grutte groepen âlden lykwols in hâlding hawwe yn de geast fan: “In heule aardichheid dat Frysk, mar oare dingen binne belangriker”, of sels negatyf foar de taal oer stean, dan is it dreech om motivaasje en entûsjasme op te bringen.
Men moat it meimekoar dwaan
It iene kin net sûnder it oare. Salang at minsken tinke dat it Frysk (“it is al sa faak sein dat it ferdwine sil”) der wol bliuwt sûnder ynspanning fan harsels, kin de oerheid mar in ferhipt lyts bytsje dwaan oan de fersteviging fan de posysje fan de taal. De BMD is bedoeld om de minsken ûnderfine te litten dat anno 2021 in taal ek in goede formele posysje hawwe moat om bestean te bliuwen. Minsken dy’t har bewust wurde hoe wichtich en needsaaklik har eigen bydrage is, kinne ek entûsjast reitsje foar mear persoanlike ynset – mits sy net it fielen hawwe dat se in útsûndering binne. Bewust faker it Frysk brûke, dat sil allinne mar wat wurde as minsken it gefoel krije dat in protte oaren ek meidwaan wolle. Motivaasje foar de needsaaklike feroaring yn taalhâlding en taalgedrach moat dield wurde mei in grut tal entûsjaste oaren. Ik ferwachtsje dat dêr draachflak foar ûntstean sil troch in goed en profesjoneel opsette Brede Maatskiplike Diskusje oer de takomst fan it Frysk. Aanst mear dêroer. Mar earst twa oare saken.
Fernuvering
Wat ik sa nuver fyn, is dat in laach fan Fryske kultuer-pommeranten it normaal fynt dat hja al desennia ûnderling deliberearret oer it Frysk, oer de takomst fan de taal, it ûnderwiis yn it Frysk en datsoarte saken. Yn advysgremiums en mei sympoasia bygelyks. Sûnder dat it in soad opsjit. Yn dyselde rûnten wurdt meast ôfhâldend reagearre op it idee fan in BMD. Soe it stadichoan net ris better wêze en lit ‘gewoane’ Friezen kedize oer it Frysk en wat dêrmei anneks is? Dat smyt nei alle gedachten net minder op as it krewearjen fan de beropsfriezen…
It twadde punt, dat ik hjir neame wol is fierhinne serieuzer. Yn de petearen dy’t wy as BMD-rûnte (ús stichting is yn 2012 oprjochte) de lêste jierren organisearren, kamen wy krekt by bewegingsminsken faak alderearst de soarch tsjin dat sa’n diskusje wolris net goed útpakke koe. Dat der gjin draachflak en entûsjasme ûntstean soe by de dielnimmers. En dat wy der dêrom mar better net oan begjinne kinne. Ik fernuverje my hjiroer. Yn wêzen hawwe minsken dy’t sa tinke in negative ynskatting oer de kânsen foar it Frysk, konkludearje ik. Mar stel, hja hawwe gelyk. Dan kin men dus, ek sûnder BMD, al konkludearje dat alle besykjen om de posysje fan it Frysk te ferstevigjen likefolle kâns op resultaat hat as it sied dat op de rotsen struid wurdt? It liket my net dat bewegers op sa’n konklúzje út binne…
Hawar, ik gean hjir even yn dat tinken mei. Want de soarch fan minsken dy’t sa reagearje is oprjocht. Dy soarch hâldt yn dat de BMD as útkomst hawwe soe: yntinsivearring fan de befoardering fan it Frysk hat fanwege ûntbrekkend draachflak gjin sin. No, by sa’n útkomst witte jo en ik en oare Fryske positivo’s wêr’t wy oan ta binne. Dat betsjut net dat de rjochten dy’t Frysktaligen no hawwe fuortfage wurde. Dat kin wetlik net iens. Dat betsjut ek net dat de minsken ynienen ophâlde mei sjongen yn it Frysk, mei iepenloftspullen, mei it oanbieden en folgjen fan kursussen, mei it dichtsjen en ferhalen skriuwen. Dat betsjut ek net dat oerheden en fûnsen gjin jild mear foar sokke aktiviteiten oer hawwe. Ek de ynstituten en de opliedingen hâlde fansels har subsydzje. De besteande situaasje feroaret net ynienen. Wêrom soe dat ek moatte? De sympaty foar de taal, dy ferdwynt net tagelyk mei it besef dat de taal linkendewei ferdwynt. Ik skat yn dat dy sympaty sels tanimt, sa reagearje minsken ornaris teminsten op ferlykbere ûntwikkelingen. Ja, de doelstelling foar it belied sil feroarje, beskiedener wêze. Dat soe logysk wêze, at de útkomst fan de BMD sa wêze soe as guon bewegers ferûnderstelle.
Mooglik meitsje wat no ûnmooglik liket te wêzen
Folle fleuriger sil de troch my ferwachte positive útkomst fan de diskusje wêze. Yntinsivearring fan belied en útfiering is dan mooglik. Dat liedt ta nij elan foar it Frysk en by de brûkers fan de taal. Ynienen wurdt mooglik wat jierrenlang net realistysk like.
Werom nei wat ús foar eagen stiet
Hoe’t wy as BMD-rûnte ús dy provinsjebrede dialooch foarstelle, dat is sa konkreet mooglik beskreaun yn stikken** dy’t te finen binne op ús reachside www.bmd-frysk.frl. Gearfette: Yn ien winterskoft sa’n fyftich gearkomsten; regionaal en pleatslik mei in trochsneed oan Fryske boargers, mar ek mei spesjale doelrûnten, mei spesjale beropsgroepen; net basearre op it prinsipe “wy fan de BMD fertelle jimme wat jimme dwaan moatte”, mar basearre op in wikselwurking. “Wy binne benijd hoe’t jimme mei de taal omgean, hoe belangryk is dy taal foar jimme, wat foar taalgedrach hawwe jimme no, hoe sjogge jimme de takomst foar it Frysk, soenen guon dingen ek oars kinne, wêrom soe men dat wolle, oar taalgedrach? Fernimme jimme wat fan it taalbelied dat de oerheden fiere? Soe dat oars kinne of is it sa wol goed? Hoe slim is it as jimme bern of bernsbern de taal net mear deistich brûke?” Dat soarte fragen.
En op dy gearkomsten net allinne mar prate fansels. Situaasjes ferdútse en belibje troch rollespul. Elkoar ynterviewe. Lieten belústerje, sels sjonge.
Fan de gearkomsten goede ferslaggen meitsje, registraasjes mei byld en lûd meitsje en dy útstjoere fia ynternet. Minsken de kâns jaan om fia it ynternet diel te nimmen oan de BMD.
Entûsjasme en belutsenheid
De feitlike diskusje duorret ien winterskoft, mar foar de tarieding is minstens in jier nedich. Goede petearlieders moatte socht en ynstruearre wurde, krektlyk as goede toanielspilers en kameralju; ûnôfhinklike, objektive ferslachskriuwers idem dito, de ynteraktive reachside moat makke en teste wurde, der moat in reachmaster wêze fan it heechste nivo – gean sa mar troch. Allinnich ûnder soksoarte betingsten sil de BMD entûsjasme en belutsenheid by grutte dielen fan de Fryske befolking op gong bringe.
Ôfsluting mei in dúdlike kar
It einferslach moat net lang op him wachtsje litte: twa moanne nei’t de lêste sessys west hawwe, moat dat der lizze, yn de maaitiid nei it winterskoft fan belutsen kedizen. At it heal kin moat Provinsjale Steaten him noch foar de simmerfakânsje útsprekke oer de oanbefellings. Dat sokke oanbefellings net frijbliuwend, mar yn dúdlike keuzes omskreaun binne seit himsels.
De wrâld stiet fersteld fan in Frysk foarbyld
De bedoeling is dat de BMD-Frysk mei dit alles rom omtinken lûkt, fan de regionale, lanlike en ynternasjonale parse. Spraakmeitsjend! Fryslân en it Frysk sille in winterskoft net út de aktualiteit wei te baarnen wêze, allinne dat al!
Profesjonaliteit
is by dit alles in kaaiwurd. Dus sil it net foar in pear sinten klear komme. Myn kompanen yn de BMD-rûnte moanje my altyd ta foarsichtichheid as om jild giet, ik mei dus der net de klam op lizze dat in profesjoneel organisearre BMD minstens in miljoen euro’s kostje sil. Mar mei goedwollend amateurisme komt dit net klear, en in flop kinne wy ús yn it belang fan it Frysk net permittearje…
Willem Verf, jannewaris 2021
(www.willemverf.frl)
*)
Driessen is ûndertusken mei pinsjoen en ferlykber ûndersyk (lêsthâlden yn 2014) wurdt langer net mear dien.
**)
It basisstik is sa’n seis jier lyn foar it lêst aktualisearre; dêr sil, at it mienens wurdt, fansels in update foar komme. Mar om in goede yndruk te krijen fan wat ús foar eagen stiet kin men it noch skoan lêze. Op dy reachside www.bmd-frysk.frl fine jo ek in treflik stik fan Piter van der Plank oer de aktuele posysje fan it Frysk yn it Fryske taallânskip. Yn de ‘nieuwe encyclopedy fan Fryslân’ stiet, op side 2470 en fierder, in deeglike taalsosjologyske skôging fan dyselde van der Plank oer hoe’t it Frysk him ûntjout yn relaasje ta de maatskiplike ûntwikkelingen. Dy ensyklopedy is nammers op stuit by Steven Sterk fan de Gordyk yn ’e ramsj. Bûtenkânske foar leafhawwers fan Fryslân.