• Post author:

Presintaasje “De Wûndere Leafde fan Emine en Einte” op 11 maart 2023

Myn útjouwer “de Afûk”, organisearre op dy sneontemiddei yn Kafee “De Gouden Leeuw” fan Tresoar in feestlike presintaasje fan myn nijste boek mei live-muzyk en foardracht. Der wienen sa’n 40 leafhawwers fan myn wurk dy’t har tige fermakke hawwe. Tine Heidstra fan De Westereen krige it earste eksimplaar oanbean, Jaap Louwes song en Tet Rozendal droech lietteksten foar dy’t yn it boek foarkomme.

De foto’s binne te goed om wei en steane dus hjirûnder by ôfbyldingen.

De earste reaksjes fan lêzers oer it boek binne, begjin april, tige entûsjast. “Prachtich ferhaal, koe my der betiden hast net fan losmeitsje”. “Haw it yn twa dagen yn ien ruk útlêzen”.

Sokke reaksjes mear! Ik hoopje dat it boek syn wei fynt nei mear lêzers, dat it minsken meinimt en sawol werkenning as fernuvering biedt. Ik bin sels yn alle gefallen grutsk op en wiis en bliid mei dit oprjocht leafdesferhaal.

ôfbyldingen: