Rinsinsjes oer “It Sinfol Bestean”:

  • Oait haw ik dûnse op in gersfjild…
    (Doeke Sijens, LC)
  • In beaken foar de takomst
    (Lomme Schokker, Ensafh)

Oait haw ik dûnse op in gersfjild

Titel: In sinfol bestean
Skriuwer: Willem Verf
Utjouwer: Afûk, Ljouwert

In beaken foar de takomst

Resinsje fan Lomme Schokker
Frysk literêr tydskrift Ensafh (nr. 2 2019)

It sil net sa maklik wêze om dy as sosjaaldemokratysk politikus hjoeddeis te oppenearjen, benammen yn Fryslân. Eartiids wiene wy hjir sawat de widze fan de sosjaaldemokrasy, mar dat ferhaal is útwurke. De begjinsels fan doe binne stadichoan oplost of útlevere oan it neoliberalisme, rinst mei de kop tsjin de muorren en de peilingen fan dyn partij sûnder basis binne foar de safolste kear striemin. En dan bist yn hert en siele trochbakt fan it linksprogressyf tinken dat dy yn de romrofte sechstiger jierren as studint mei de brijleppel ynjûn is, mar dat dus foar fi erwei de measte minsken tsjintwurdich amper betsjutting mear hat. Se snappe der neat fan. Fielst dy sa stadichoan in rekwisyt út it ferline. Hoe kinst dan yn de goedichheid oan ’e ein fan in lange karriêre fan wrotten en wramen foar in rjochtfeardige wrâld dizze dagen de sin fan dyn bestean noch fêsthâlde?
De polityk as setting fan in boek oer in sinfol libben, jo moatte it mar oandoare. Dat slagget Verf aardich goed, ek om’t er as reade tried skealike effekten fan de drugsscene byldzjend delset tsjin de eftergrûn fan ús wûnderlik studintelibben fan doetiids. Want wat in moaie tiid wie dat, neaken dûnsje op de heide, it lûdop foardragen fan gedichten fan Lodeizen en Vroman en mei Joan Baez op de platespiler frije op it oranje kleed foar in dûzich kacheltsje dêr’t de gasfl esse op de meast ûngaadlike mominten fan leech rekke. Dat, en tusken de bedriuwen troch it iepenbrekken fan de maatskippij. Wy hiene de hannen fol, wisten net better en woene neat oars.
Jitse de Vries is boargemaster fan in gemeente yn de Súdwesthoeke fan Fryslân dy’t meikoarten opheft wurdt en stiet dêrmei foar it ein fan syn karriêre yn de (lokale) polityk. Hy hat net al tefolle passy mear en is yn de eagen fan syn frou ‘striidber mar sûnder fearkrêft’. Dat fynt er sels ek: ‘Dizze besite oan it gemeentehûs resultearret yn in aparte miks fan teloarstelling en ferromming: ik wol graach in protte wichtich wurk hawwe, en ik fyn it tagelyk wol bêst dat it der net is’ (s. 28). Sa’t it liket hat Jitse aardich mear nocht oan it opstellen fan in nij begjinselprogramma foar syn lanlike partij. ‘Ik hechtsje oan dy begjinsels, wylst ik fansels ek wit dat se amper lêze wurde sille, mar dochs, it twingt de partij nei har útgongspunten te sjen’ (s. 29).
De frou fan Jitse, Karin Blauw, sit ek yn de polityk, mar is der op âldere leeftiid yn rôle, nei’t har wurk yn de soarch fi naal fuort besunige is. Op dit stuit is sy fraksjefoarsitter yn de provinsjale steaten foar de politike partij Progressyf Fryslân, in partij dat meidocht yn it kolleezje fan DS. Mar wat smyt dat, nettsjinsteande har ambachtlike machtspolityk, in soad gedonder op: ‘Ik wurkje mei oan minne polityk. Dêr wol ik mei ophâlde.’ (s. 69).
Jitse hat Karin kennen leard yn Amersfoart op ien fan de fameuze MiKoJel opliedingen. Jitse docht dêr de rjochting fan sosjaal-kultureel wurker om dêrmei letter it foarmingswurk yn te stappen, wylst Karin de rjochting fan kreative terapy folget.
Ien fan de keamerbewenners is in Jan Donker, in wat âldere, ‘psychopatisearre’ studint, dy’t hannelet yn drugs en in talint hat om skea oan te bringen by kwetsbere famkes, sa ek by Eefje. Eefje sit yn it subgroepke fan Jitse en Karin en rekket geandewei mei hûd en hier yn de ban fan Jan en dat moat wol misbeteare.
It ferhaal fan Jan en Eefje komt nei boppen driuwen as Jitse en Karin op de weromreis fan in fakânsje yn Tsjechië Jan ûnder in oare namme as de eigener fan in ferrinnewearre kemping yn de Harz tsjinkomme. Jan nimt net folle letter kontakt op mei Jitse en Karin, want beide binne noch de iennigen by wa’t er sa fl ak foar syn dea noch skjin skip meitsje kin. De petearen mei in stjerrende Jan fersterkje by beide it proses fan besinning oer wat noch, of op ’e nij, sinfol is no’t se mear tiid om hannen krije sille. ‘At wy allinne mar oandacht hawwe foar de minsken dy’t wy aardich fi ne’, lit Willem Verf Jitse sizze, ‘dan wurdt it noait wat mei de maatskippij.’ En: ‘At it petear mei-inoar net oangean wurdt’, seit in oare politikus, ‘is der in kâns dat wy oer en wer ferhurdzje en dat smyt ek neat op.’
Verf hantearret twa opfallende eleminten yn dit boek. It earste is it yn de haadstikken konsekwint wikseljen fan ‘point of view’ tusken Jitse en Karin. Dat wurket nei myn oardiel opmerklik goed. It slagget Verf om beide protagonisten in ûnderskieden stimme te jaan. Dat hie oars noch better kind as er beide ek in ferskillende skriuwstyl en benammen in oare wurdkar oanmjitten hie.
As Jitse oan it wurd is dan krigest in mear saaklike opsomming fan wat der spilet, lyk as manlju dat wol ris faker dogge, wylst Karin har ferhaal ôfmakke is mei gâns mear psychologyske observaasjes. Jitse: ‘Ik klim by de natoerstiennen stoep omheech en gean der deryn. Om earlik te wêzen fi el ik my altyd wol nofl ik yn it âlde gebou. Ik rin hjir de doar net plat, miskien haw ik der yn myn hiele karriêre tweintich kear west, mar it hat wat fertrouds, men is yn in hûs mei geastessibben, dat idee. Dat sil aans wenne moatte, it wurdt ferkocht, it bestjoer hat ferlet fan jild en dy grêftehûzen binne miljoenen wurdich; de partij giet nei in guodkeaper nijmoadrich kantoargebou, fi erder fan it sintrum.’ (s. 58). Jitse komt minder alert nei foaren as Karin. Hy liket net sa’n trochpakker en bliuwt mar omrinnen mei al syn fragen. Jitse hat wol mear plichtsgefoel as Karin, mar gâns minder selsfertrouwen.
Karin har gedrach is aardich konsistint mei hoe’t Jitse har kennen leart op de earste dei op de akadeemje. Sy is nochteren en praktysker, nimt earder it ynisjatyf as it mislearje sil en is mear observearjend en ynterpretearjend as Jitse. Se riedt har deegliker ta en akseptearret better de saken sa’t se binne: ‘Even bin ik bot benijd hoe ’t Jan Donker Harry de Groot waard en hoe’t er hjir kempingebehearder woarn is. Set it dysels út ’e holle, sis ik tagelyk tsjin mysels.
Sil ik tsjin Jitse sizze dat ik him werkende? Nee. it hat gjin doel, dit wie in ynsidint, wy hawwe gjin nofl ik oantinken oan him, moai gewurde litte.’ (s. 19). It twadde opfallend elemint giet de foarmjouwing oan en hat te meitsjen mei de yndieling fan de tekst yn paragrafen. Dan krije wy bygelyks dit (s. 21): ‘Ik haw hjir jierrenlang net west’, seit Klaus. Hy krijt in stikje sûkelarje en sobbet derop. ‘Dat wie krekt fanwege de skiednis fan dit plak.’ It duorret even. Klaus nimt lytse slokjes fan syn kofje.
Jitse seit dat wy de foarkar jouwe oan lytse kempings yn de natoer. Klaus is net sa’n reizger, seit er as in soarte antwurd op Jitse. Hy fertelt … Sokssawat sit my in bytsje yn de wei. Moat dit geryfl ik lêzen wêze? No’t ik dochs oan it krimmenearjen bin: noch in minpuntsje is de net sa sekuere korreksje fan de tekst: ferkearde ôfbrekkingen oan it ein, of samar in haadletter yn it midden fan in sin, tefolle spaasjes tusken letters, typfl aters en it by tiden minder geve Frysk: ‘as dat’, ‘fraaier dan’ , ‘lunch /lunsj’, ‘jeugd’, ‘jongeren’, ‘fertrekke’, ‘leuks’ ensafi erder. Wylst Verf wol mei prachtige oerfryske wurden oankomt, sa as ‘ûne’, ‘sjerpstrike’, ‘poddeblêden’, ‘bliidwiis’, ‘lobje’, ‘grommelje’, ‘harkeniel, ‘stynsk’, ‘in fûstich type’ en mear fan soks.
Wêrom net konsekwint wêze? In moai kasjet is oars wol de tiidwurdsfoarm út de noardlike wâlden ‘roan’ (rûn) en ‘woarn’ (wurden/waard). Wat is it Frysk dan wer in manjefi ke taal as wy ek kwa aspekten fan de foarmlear it sa persoanlik ynkleurje kinne.
It sinfol bestean sit fernimstich en nijsgjirrich yninoar. It stelselmjittich ôfwikseljen fan it fertellersperspektyf jout de skriuwer in moai middel om fan út it belibjen fan beide persoanen de oare helte en it eigen houlik te observearjen en te ynterpretearjen. Ferskillen fan ynsichten en opfettingen wurde logysk, mei respekt en kennis fan saken beskreaun. Verf wit it kapstokferhaal fan de dealende en manipulearjende húsgenoat fan doedestiids kreas te ferbinen mei sawol it politike tema en it sykjen nei persoanlike sinjouwing as de drugsproblematyk fan tsjintwurdich. It hinneen- werjen yn tiidperspektyf en ferhaallinen komt as fansels út de doeken. En ik moat sizze, de ein fan it boek taast my yn it moed.
Ast âlder wurdst, slagget it protte net mear, ûnderfynt Karin, mar Willem Verf hat dik yn de sechstich mei It sinfol bestean nei myn opfetting dochs mar moai in deeglik en lykwichtich boek skreaun.
Hoe’t er de ferswakking fan de sosjaaldemokrasy beskriuwt en wat dat docht mei in stânfêste sosjalist achtsje ik fi erhinne it wichtichste yn dit boek. Dêrmei is dit foar my in passend tiidsdokumint fan ús generaasje en kin it foar myn part prominint op de toanbank lizze fan it Ferdinand Domela Nieuwenhuis Museum yn myn âlde skoalle op It Hearrenfean. Dat is dan wol in museum, mar it (ein?)manifest fan Willem Verf sjoch ik graach as beaken foar de takomst.

Willem Verf
It sinfol bestean
Afûk, Ljouwert 2017
ISBN 978 94 92176 65 3 / NUR 301
Priis: € 19,50